Ferhalen yn wurd, byld en muzyk

7 december 2010

in Evenementen

Hylke Speerstra fertelt, lieten slute der op oan. Sfearfol programma mei muzyk en ferhalen

Fryslâns meast lêzen skriuwer en ferteller Hylke Speerstra hat in skat oan nije ferhalen opdjippe en der in nij program mei sang en muzyk út gearsteld. Op freedtejûn 10 desimber treedt er der mei op yn ‘d ald Herberch  yn ‘e Ielaak yn de Gaastmar. De jûn begjint om 8 oere, it programma duorret sa’n twa kear 40 minuten. De lieten wurde brocht troch it bekende muzikale duo Bauke van der Woude en Campbell Forbes.

De ferhalen – koarte sketsen – komme út Speerstra syn jongste wurk ‘It ferfolch’ op It Wrede paradys (2010), syn humoristyske bondel winterferhalen ‘De kâlde krústocht’ (2009) en fansels út syn De oerpolder. De lieten fan tekstskriuwer Van der Woude slute op it proaza fan Speerstra oan en soargje foar in sfearfol gehiel.

Koartlyn reizge de skriuwer opnij nei Amearika en kaam mei in pear ferbjusterjende libbensskiednissen werom. Al gau nei Simmer 2000 wie de skriuwer der achter kommen dat de besteande emigrantelibbens, sa’t dy yn It wrede paradys beskreaun wurde, noch net ôf wiene. En de nije noch lang net op. Sa is mei It ferfoch in kompleet standertwurk mei emigranteferhalen ûntstien fan 656 siden mei û.m. 36 epilogen, 32 siden foto’s en in ferskaat oan nije ferhalen. Ek de besteande emigranteferhalen binne yn it nije boek meinommen.

Ien fan Speerstra syn nije ferhalen giet oer de widner Klaas van der Veen fan de Harkema, dy’t mei syn tsien bern nei it woeste Kanada fan ein jierren fjirtich reizget. In absurd aventoer,diskear mei in happy-end.

Op de prairie fan Saskatchewan fynt de skriuwer de 99 jier âlde Sjoerd Zondervan fan Tersoal, dy’t al 75 jier op syn leafde Ynskje Speerstra fan Sybrandabuorren wachte. Ek mei happy-end? Diskear net; Ynskje soe noait komme, se waard op Aldeskou fermoarde… Tragyk en emoasje. Mar foaral: humor en relativearring, yn rike taal.

Oangripend is ek de libbensskiednis fan in âld Turks echtpear ût It Hearrenfean dat yn Fryslân suver itselde trochmakket as ‘ús’ emigranten yn Alberta. In aktueel ferhaal…