Alde foto’s & Wa wit wa’t wa is?

7 april 2011

in Wa wit wa't wa is?

Foto 249 (1942)

De húshâlding fan Jan en Janke van der Heide

  1. Ep
  2. Feikje
  3. Jikke
  4. Jacob Abe (Broer)
  5. Jacob (Jaap, Jappie)
  6. Ysbrand
  7. Jan (heit)
  8. Janke (mem)
  9. Fokke
  10. Auke

Sûnt ± 1922 wenje Jan van der Heide (1892-1955) en syn frou Janke Kornelis (1893-1967) yn Heech. It stel, dat earst yn Tersoal wenne, is troud yn 1918. Yn Tersoal hie pake Jan syn heit in foeraazjesaak. Mei in skip fear dy mei fracht (û.o. fee) nei Snits en naam dan op ’e weromreis feefoer mei fan Wouda’s moalfabryk. Dat foer sutelen Jan en syn heit út by de boeren yn Tersoal en omjouwing. Jan en Janke komme te wenjen op ’e Nijedyk 57 dêr’t no Gosse en Gryt van der Heide wenje. Hjir giet Jan fierder mei foeraazjehandel en Janke begjint in krudenierswinkeltsje. Op de foto, makke 6 april 1942, sjogge wy dat der acht bern kommen binne. Hjirfan libje no noch twa: Ep (Noordwijk) en Ysbrand (De Lemmer). De beide Jacobs (beide nei in pake neamd) hawwe oan ’e ein ta yn Heech wenne. De âldste Jacob (1919-1985) troude yn 1943 mei Alberta Hulzenga (1920-2010). Jaap komt yn 1955 yn ’e saak en de winkel giet dan oer yn Berta’s hannen. As Gosse en Gryt it spul oernimme yn 1985, wurdt de krudenierswinkel ôfstjitten: lytse winkeltsjes binne dan út ’e tiid. De ôfdieling foeraazje ferhuzet yn 1988 nei in nije hal oan De Draei. Soan Jappie (1972) wurket al jierren mei yn ’t bedriuw: de fyfde generaasje! Ynformaasje opdien by Jan, Timmie (foto) en Gryt van der Heide.

De foto’s binne op! Graach nije groepsfoto’s ynstjoere nei Willem O.Santema, Molefinne 44.