Tryater mei Macbeth en Tomke yn Heech

4 mei 2011

in It Heechhus

Macbeth

Freed 6 maaie en sneon 7 maaie, oanf. 20.00 oere . Terrein Johan Oost

Ierde en dize, modder en bloed. Oarlochsheld Macbeth komt fan it slachfjild. Hy is in man mei in grutte ambysje. Hy wit dat ‘er kwea docht – hy lijt der ûnder – mar is dreaun troch syn langstme nei macht. Blynwei en leafdefol stipe troch syn like hurde frou, Lady Macbeth. Tegearre moardzje sy har in wei nei de top.Wat harren dronken makke, makke my moedich, wat harren dôve, joech my fjoer Macbeth en Lady Macbeth, gleon op macht, sjogge harsels as keningspear dat oer de wrâld regeare sil. In wrâld fol swarte modder, gouden kroanen en takomstfoarsizzingen. Neat en nimmen stiet har yn de wei, sa liket it.

Hâld de kop derby, hoe dizich it ek allegear liket.Regisseur Ira Judkovskaja set Macbeth mei de fuottenyn ‘e ierde. Yn in tinte mei in tsjustere himel wurdt de swarte sintúchlike wrâld fan Macbeth kreëarre.Wy sjogge, rûke en fiele it, wy sitte Macbeth letterlik tichtop de hûd. As yn in thriller ûntbleatet Ira Macbeth laach foar laach.

Oarder en frede, gaos en oarloch Weromkommend tema yn it wurk fan Shakespeare binne de goeie en de minne minslike eigenskippen. Yn Macbeth sjogge wy hoe tin oft it laachje beskaving fan de minske eins is en hoe maklik de minske by steat is in harmonieus lykwicht te fersteuren.

Swiid en poëtysk.Mei itselde kreative team as by Gleone Gloede (Oerol & Snits 2008) wurdt keazen foar in omjouwing fol oerweldigjende bylden. De poëtyske wurden fan Shakespeare wurde oerset troch Edison-winner Nynke Laverman. Sytze Pruiksma jout op syn eigen ûnfolpriizge wize lûd oan de wrâld fan Macbeth.

Tomke siket om ‘e kluts (3+)

Sneon 7 maaie,  oanf. 10.30 en 14.00 oere. Terrein Johan Oost

In muzikale teaterfoarstelling oer de dingen, de wurden en de klanken.

Tomke en syn hûntsje Romke sille útfanhûzje by Pake en Beppe Bear. Dy wenje op ‘e romte, op in moaie pleats. Se hâlde hinnen, wat skiep en in hynder. Beppe liket hjoed sels wat fan ’t hynder. As se in cake bakke wol, en se tsjin Tomke seit dat de aaien fuortrûn binne, seit Pake dat Beppe de lêste tiid de kluts kwyt is. Tomke en Romke beslute om de kluts te sykjen en geane op reis. Miskien leit de kluts wol by de lantearnepeal. Mar wêr is de lantearnepeal? Se sykje. En sykje. Op it lân, yn ‘e see en sels op ‘e moanne. It liket wol as hat de kluts poatsjes krigen. Mei help fan poppen, objekten, muzyk en oar lûd jouwe de spilers de wrâld fan Tomke foarm. It wurdt in foarstelling om mei elkoar – grut en lyts – nei te sjen, om nei te wizen, oer te freegjen en te beneamen, om by te sitten en om op te dûnsjen, om nochris te sjen en om nochris te wizen. Regisseur Bram de Goeij makke earder by Tryater Stamppot Schmidt. Op Oerol makke hy yn gearwurking mei Gienke Deuten (It húske dat ferhuze, Tryater) de súksesproduksje De Schapelaar.

De foarmjouwing is yn hannen fan Annemarie Klijn en Johan Klijn. Sy diene dat ek by It húske dat ferhuze en Drang.

www.itheechhus.nl
0515-442593