Alde Foto’s & wa wit wa’t wa is?

7 december 2011

in Wa wit wa't wa is?

Foto 254 (1973) – Bestjoer 100-jierrige Iisclub Heech, Heech
De Sylboade, desimber 2011


  1. Neri Tekstra
  2. Berthus Gerritsma
  3. Sjoerd Sybrandy
  4. Johannes Osinga
  5. Jappie Hettinga
  6. Anne Speerstra
  7. Ernst Veenstra

Iisclub Heech is op 26 maart 1870 oprjochte, neffens it doarpsboek ’Heech en de Hegemers’ (1987). Der melden har 31 leden oan. De nije club wie in gearfoeging fan twa al besteande groepen dêr’t wy fierder neat mear fan wite. De akte fan oprjochting mei statuten is noch yn it besit fan de iisclub; dy datearret fan 1 novimber 1870. Yn it earste bestjoer sieten: J. Visser Asn., foarsitter; notaris P.J. Tadema, skriuwer; A. Visser, skathâlder; N.W. van Asma en S.S. Huitema. Op 10 maaie 1950 wurdt it 80-jierrich jubileum fierd yn ’e pleats (Lytshuzen 33) fan J. van der Bank mei in eigenmakke revue.

En dan de boppesteande foto (út it argyf fan Kees de Jong): it ieufeest! It 100-jierrich bestean wurdt fierd op freed 16 febrewaris 1973 de jûns om acht oere yn It Heechhûs. Wat stiet der op de no 38-jierrige útnoeging? ’Toneelavond/bal na. Deze uitnodiging is tevens bewijs van toegang en slechts bestemd voor leden vanaf 16 jaar met hun dames.’ Freed 9 desimber o.s. is der om 20.30 oere yn ’De Watersport’ wer in jiergearkomste, sa as meastal: mei sprekker en de ferneamde lotterij. Haadpriis: in ûnbidige sek sipels!

Nije âlde groepsfoto’s (oant ± 1990 ta) graach útliene oan W.O. Santema. Tel 442909.