Alde foto’s en wa wit wa’t wa is?

20 februari 2012

in Foto's, Wa wit wa't wa is?

Foto 255 (± 1935) – Jongstra’s Blommeskip, Heech

De Sylboade, jannewaris/febrewaris 2012

  • 1.G.Jongstra-Koopmans, frou fan Jehannes (4)
  • 2.Durk G.Jongstra, blommist Heech
  • 3.Klaas K.de Jong, boekhannel Heech
  • 4.Jehannes G.Jongstra, skipper/blommist
  • 5.Anne J.Visser, fourages Osingahuzen
  • 7.Kees Kaspersma, timmerman Heech
  • 8.Ko Looyenga, leraar te Overveen, freon fan Durk J. en Klaas de J.
  • 9.Martha K.Kaspersma, Heech
  • 11.Anna Wierda-Sikkema, Heech
  • 14.B.Sikkema, ûnderwizeres Heech
  • 16.Ybeltsje K.Kaspersma, Heech
  • 17.Gatze K.Kaspersma, Heech

Yn in Frysk Lânboublêd fan 26 augustus 1977 stiet dat hovenier Durk Nammens Jongstra op fersyk fan ’rike ielkeaplju’ yn 1824 ferhuzet fan Goutum nei Heech. ’De ielkeaplju woene graach in kundige túnman hawwe foar it ûnderhâld fan harren grutte tunen. Jongstra hie njonken it túnûnderhâld ek in blomkerij en in grientetún foar eigen rekken. Oerpakesizzers Durk (1904) en Jehannes (1906) hawwe oant 1951 ta tegearre it blomme- bedriuw yn Heech. Dan giet Jehannes nei Balk en Durk bliuwt hjir. (Slút de saak yn 1971.) Tige bekend wie it s.n. ’blommeskip fan Heech’, de Hoop op Zegen. De Jongstra’s foeren dêrmei troch de hiele Súdwesthoeke om planten oan ’e man (en oan ’e merk) te bringen. Ein 1950 is it Blommeskip (fan izer; 12 ton) ferkocht oan it Suderseemuseum yn Inkhuzen. De foto komt út it argyf fan Kees de Jong en de measte nammen en oare ynformaasje krigen wy fan âld-doarpsgenoat Gosse Durks Jongstra út Haarlim. Wa wit de ûntbrekkende nammen?

Nije âlde groepsfoto’s (oant ± 1990 ta) graach útliene oan Willem O. Santema. Tel 442909.