Jongen fan it dak sprongen

6 juni 2012

in Natuur in en om Heeg, Verhalen

By de famylje Theo en Susan Speerstra fan De Skatting hingje fûgelhokjes yn de tún en altyd is der foar fûgels wol wat te fretten. Ek by de Speerstra’s is it belang fan goed fretten by it nêstplak bekend. “Je meie bûtendoar wol honger krije, mar je moatte thús ite”, is in faak hearde útspraak fan him. Sa’n fjirtich jier ferlyn hie Theo ek al soarch foar fûgels. As feint by leanbedriuw Altenburg ried hy op syn Ford 4000 mei de ladewein as by it dongriden handich om de nêsten hinne. Hy wie in baas sjauffeur, mar driigde der ris in fûgel foar it tsjil te kommen, dan joech er in brul en dan woene se wol oan de kant. Fûgels ûnthâlde dizze soarch. Doedestiids hiene jo trouwens efter it rútsje op de trekker ek in better kontakt mei de natuer.

Stranljip

De griene. No belle hy op de foarmiddei fan snein 13 maaie, hy hie jonge strânljippen yn de tún. Der briedt al in jier as fjouwer in pearke strânljippen yn it grind op it platdak, want se fine hjir in waarm nêst. Sliepeleaze nachten fan it mar trochroppen fan de âlden hiene Theo en Susan der graach foar oer. Doe ’t de trije jongen grut genôch wiene om dit waarme nêst te ferlitten binne se fan it dak sprongen. Soks dogge jonge fûgels altyd en meastentiids komt harren dêr neat fan oer. Dochs, ien jonge strânljip hat de sprong nei it frije libben mei de dea bekeapje moatten en belâne úteinliks yn de griene.

Ferwûne. Mar ek de oare twa wienen ferwûne oan harren poaten, de iene wat mear as de oare. Miskyn hie ien wol in poat brutsen, dy stie hieltyd mar op ien poat. Wat moasten se dwaan? Fange falt lykwols net ta at se al in bytsje fleane kinne, dat dat ha se ek mar net besocht. Der waard besluten it eefkes oan te sjen en miskyn waard it better as fleagen se wol fuort. Mar it wie ek net sûnder gefaar. At der minsken troch de steech kamen of at sy sels yn de tún kamen, waarden sy troch de âlden fûl op ‘e hûd sitten. En ek mei in berch kabaal! Fûgels pasje harren oan oan wêr ’t se húsmanje.

Nêstflechters. Jonge strânljippen binne nêstflechters, jongen dy’t sa gau at se rinne kinne it nêst ferlitte. Se hoege sels net om fretten te sykjen, de wjirmkes wurde troch de âlden by harren brocht. Dêrom komt it ek in soad foar dat se op de frij feilige platte dakken fan huzen en bedriuwsgebouwen neskje. Jongen fan in foarich jier wiene, nei ’t se fan boppen sprongen wienen, al ris op it dak werom setten. Doe moasten sy nóch in kear springe….

Doe ’t Theo de oare deis ier nei syn wurk gie seach hy ien jong en hat hy de steechdoar iepen setten, dan koene se ek fuort rinne. Mar der wiene ek swarte krieën en de natuer is wreed foar swakke en sike bisten. Dochs liket ien jong it rêden te hawwen en dat is moai. It sil wol wer wat rêstiger wurden wêze, al sil it dêr oan It Juttepaed wol nea echt stil wurde.

Hegemer Parse Agintskip HpA