Op it Eilan wie earder greidelan

4 april 2013

in Heech yn't ferline

lân boer Jorritsma

lân boer Jorritsma

Yn 1947 wie trije H.A lân op it Eilân, fan Rommert Jorritsma. Op it lân stie doe in grut beaken foar de skippen dy’t fan de mar kamen. No skriuwt Simon v/d Meer fanôf dat plak Sylboade ferhalen yn syn fakânsjewenning.

Mar doe waard it troch de doarpsboer Jorritsma meand. Op de foto sjogge wy rjochts de beamwâl fan de Jeugdherberg it Beaken. Dizze beamwâl is yn 1944 omseage, foar brânhout yn de kachels fan de Hegemers. Op ôfstân de pleats fan Cnossen mei in heablok foar op it hiem, de tsjerke toer, en op ôfstân de pleats fan v/d Bank.
In brêge nei it eilân wie der net, de weinen mei hea moasten op in lytse pream riden wurde,(net sûnder risico) en sa oer it vliet fean nei it pleatske, wat no in discotheek is.

mei de pream oerfarre

mei de pream oerfarre

Omstreeks 1967 kocht de gemeente it lân fan Jorritsma, en dernei kaam der in grutte brêge nei it Eilân. Der wie doe ferlet fan in gemeente haven en in doarpshûs. Yn 1970 wie der in haven en stie der in doarpshûs op it Eilân.

F K