Doe 1945 en no 2013

8 mei 2013

in Heech yn't ferline

1945

1945

Ungetiidzje op it platte stikje, dat wol sizze op in bûtlânachtich stikje lân, dat yn it ferline de boaiem fan de Hinxstepoel wie.

De Hinxstepoel is foar it neist droeglein mei it graven fan de Tsjerkesleat, dêrtroch kaam oan beide kanten fan de Tsjerkesleat in stik droegleine Hinxstepoel. Op de masine sit Age soan fan Rommert Jorritsma. Rommert wie doarpsboer yn it pleatske oan de Aldwâl, no diskotheek. Jan Kuiper ek boer oan de Aldwâl die mei Rommert de ûngetiid yn kombinaasje.

De Dútsers ha hjir yn de oarloch de foar hun geskikte hynders foardere foar de weermacht. Dêrtroch wie der krapte oan hynders by de boeren hjirre, sa waard ek it iennige hynder fan Jan foardere. Jan mocht fan kolega’s wol in hynder brûke. Mar Rommert kaam troch de gemeente yn oanmerking foar in jong Frysk hynder wer de Dútsers neat oan hiene om dat it bist senuweftich wie.

Yn de ûngetiid waarden er doe hynders liend fan bouboeren út de Wieringermar. Dêr wie dan it ploegjen en siidzjen klear.

 2013

2013

Sa dwaande kaam it dat foar de masine in gastarbeider (bouboer) rûn te lûken. Op de eftergrûn de koöp. bûterfabryk “Hoop op Zegen” mei de direkteurwenning en it kantoar noch oan de fabryk, ferskûlle yn de beammen. De oare foto lit sjen dat der no in kanaal troch it platte stikje groeven is, en dat de bûterfabryk plak makke hat foar nije huzen. De nije wenbuert mei de namme ,,It Fabryk” is noch in lytse neitins oan de bûterfabriek “Hoop op Zegen”.

De tiid stiet net stil.
F.K.