Alde Foto’s & wa wit wa’t wa is?

9 juni 2013

in Wa wit wa't wa is?

1989/90 Kristlike Basisskoalle

1989/90 Kristlike Basisskoalle

Foto 266 (1989/90) Kristlike Basisskoalle, Heech
De Sylboade, juny 2013

1. Keimpe (G) Postema, 2. Libbe (R) Cnossen, 3. Freerk (U) Visserman,
4. Bauke (R) Siderius,  5. Sebastiaan (BJP) Spek, 6. Anne Foeke (F) Visser,
7. W.O.Santema, dir., 8. Edgar (W) Bergsma, 9. Margit (J) Doornheim,
10. Nynke (M) Terpstra, 11. Marjon (HRR) v.d. Riet, 12. Sytske (L) Ypma,
13. Esther (J) Jagersma, 14. Foke (FH) Boersma, 15. Esther )A) Talsma.
16. Petra (FK) v. Ommen, 17. Joke (R) Wierda.

Dizze foto is út ’e tiid dat wy der mei begûn binne groep 8 elts jier op ’e foto te setten. Ek yn it jier dat de skoallefotograaf – dy’t gewoanwei ien kear yn ’e twa jier kaam – feitlik net komme soe. De sport ûntstie doe elts jier wer in oar plakje (skip) te finen. Anne Foeke Visser hie in goed plan. It koe wol by harren op Osingahuzen op sa’n grutte boat.

Yn dizze perioade is de skoalle hielendal ferboud. Twa beukergroepen út ’e Trije Tuorkes komme no ûnder itselde dak as de boppebou. Op 21 juny 1990 is it gehiel iepene.
W.O.S.