Kringloopwinkel giet ticht

5 november 2013

in Aankondigingen

Sa’t eltsenien yntusken wol wit, hâldt de Kringloopwinkel op te bestean. We binne noch iepen oan ’t 29 novimber. Yn de moanne novimber is de in grutte útferkeap, alles boppe de €2,00 foar heal jild. Dernei gean we ticht om alle spul op te rêdden sadat we op 31 desimber de saak slúte kinne.

It is spytich dat dit bart, mar it kin net oars. Sûnt 1994 bestiet de Kringloopwinkel as ûnderdiel fan Stichting Starters- en Werkervaringsprojecten “De Draei”. Yn dy tiid wiene hjir feskeidene jongere en âldere minsken oan it wurk om hjirre wurkerfaring op de dwaan en sa wer opnommen te wurden yn it gewoane wurk. Der waarden fan alle soarten wurk dien foar gemeente en oare ynstellingen. Jierren lang hawwe minsken fan “Stichting De Draei” bygelyks boarterstúnen yn de gemeente ûnderhâlden. De Kringloopwinkel is de lêste fan de projekten. Foar al dizze projekten waard jild fan út “Den Haag” beskikber stelt. Mar yn de rin fan de tiid binne dizze regelingen allegearre ôfskaft sadat der hieltiten minder jild beskikber wie foar de minsken der ’t de stichting foar oarnearre wie.

Dit hat fan gefolch dat der eksploitaasje fan de winkel hielendal op de skouders fan de gemeente kommen is. It is bekend dat de gemeente minder ynkomsten hat en dus besúnigje moat. Dit is de reden dat de gemeente spitigernôch ophâldt subsydzje te jaan, ek al hawwe in lytse 2500 minske in hântekening setten om de winkel te behâlden. It bestjoer koe dan net oars as beslúte de stichting op te heffen.

In gefoel fan spyt bekrûpt elts dy der by belutsen is. Op it foarste plak ús klanten, dy’t mei nocht hjir kamen om wat te keapjen of samar eefkes te sneupen. Dan foar de minsken dy’t hjirre noch oan it wurk binne, sy ferlieze in baan dy ‘t se mei nocht dogge. Ek foar it bestjoer wie dit in beslút dat se mei tsjinsin nimme moasten.

Dit jier is wol besocht om de kringloopwinkel oer te dwaan. Der is mei Pleatselik Belang praat oer in foartsetting troch harren fan de winkel, ek hat der ien west dy ’t de winkel wol oernimme woe. Mar ta eintsje beslút seach nimmen der genôch ljocht yn om troch te gean. Dat spitich genôch slút de kringloopwinkel de doarren en sille in hiele protte minsken it loopke nei de winkel misse moatte.

It is wol sa dat wy sizze moatte dat we in goede tiid hân hawwe yn de Kringloopwinkel. Wy wolle elkenien dy ‘t klant by ús west hat tank sizze foar alle kompliminten en freonskip. It hat goed west en wy kinne mei plezier op de jierren yn de kringloop werom sjen.

Bestjoer en meiwurkers Stichting De Draei