De Sminkdoaze

9 maart 2014

in Aankondigingen, Toneelvereniging De Sminkdoaze

sminkdoaze-2014Berjocht en útnoeging fan ‘e toanielferiening De Sminkdoaze.

Wy binne wer drok oan it repetearjen foar it nije jûnfoljende stik: CHEZ DOLLY ENCORE. It is in tragikomeedzje, dy ‘t deiske libben yn in nachtklup sjen lit.Om’t de klup yn swier waar rekket, komme der in hiel soad emosjes foar it ljocht, sa as: fertriet, blidens, haat, leafde, begrip en oergeunst. Dit alles ôfwikseljend mei muzyk en entertainment. Jo fiele jo in nachtklup bisiker as jo 8 febrewaris yn It Heechhûs komme. It stik begjint om 8 oere jûns.

Foar de minsken yn ‘e Gaastmar komme wy op 1 maart om 8 oere jûns. Om’t der beheind plak is yn it doarpshûs fan ‘e Gaastmar, freechje wy de Heegemers, it stik yn Heech to sjen.