In kuierke troch it Heempark

14 juli 2014

in Natuur in en om Heeg

In kuierke op moarn mei sinnich waar troch it park wat is ’t der dan moai. Er fâlt my altyd wol wat op, nim no de grutte leane mei syn line beammen, de krúnen komme no hast oan elkoar ta. En wat wurdt der altyd moai optiid meand troch Johannes Reitsma, wat hat dy der al in frije tiid yn stutsen om it der netsjes útsjen te litten. En it meanen om de opstakels hinne lyk as túnbanken, en it opsykjen fan fuotsmiten plastik en rommel dat wurdt dien troch Herman Jager hulde foar dizze beide mannen. Kom ik yn it noarden, wat is ’t der moai en lekker rêstich mei dy orchideeën dy ‘t der bloeie.

Oranje tip

Oranje tip

Ik wit noch fan jierren werom, dat wy de earste orchidee ûntdutsen dy kamen hjir eins net foar, en no binne der in hiele soad, prachtich moai. En wat seach ik yn maaie moaie flinters lytse bloukes en wite, brún en giele, mar ien san‘t hie ik nea earder sjoen oranje op de flerken. Lokkich ha ik thús in i-pad der klikte ik flinters en ôfbyldingen yn, en der seach ik de flinter dy ‘t ik sjoen hie,dy hite der Oranje tip.De fûgeltsjes út it hokje dat út de boargemasterbeam fâlen wie, binne útflein, dat is dochs mar goed slagge mei dat toutsje wer ‘t ik it hokje mei yn de beam bûn ha.

op it dominy's paad wurde je yn 'e gaten hâlden

op it dominy’s paad wurde je yn ‘e gaten hâlden

Guon paden yn it park krije soms in namme, sa ha wy in paad dat it dominyspaad neamd wurdt, net om dat men der de dominy tsjin komt, mar om dat men der by it dominyshûs wer op ‘e dyk de Skatting komt. Kuiert men op dat paad dan wurdt men yn de gaten hâlden troch ien dy‘t achter in beam stiet, mar dy hat gjin kwea yn’t sin lokkich. En ik seach yn it noarden in mooi pealtsje dat troch dat d’r swammen op groeiden, noch moaier wurden wie, dat it sa kin, prachtig.

 

Dan is der it Veenstra paad, dat hat ek niks mei Veenstra, allinnich dat it achter it bedruw lâns rint. De krúnen fan dy beamen op dit paad komme ek al nei oan elkoar ta. Sa sjocht men it mei de tiid feroarjen. Ja en dan dy Heempark kabouters, ik miende dat dy honkfêst wiene, mar it binne krek minsken, se glimkje en knypeagje, mar ûndertusken sjoch ik dat Okke net mei Bokke koe, want hy is by him wei gien. En Âle fielt him mear as Wâle omdat hy grutter is, en Hans is fan Coby skieden.

Der binne noch in tal kabouters wei wurden dat binne no swervers, útsein Wyp & Syp dy binne der fan werom kaam, dy steane wer op hun plakje as wiene se nea fuot wést. De sweltsje muorre en de paraplu dy steane der sa útnoegjend by mar ha gjin bewenners, wat is dat spitich, it hie sa moai wêze kind lyk as earder. Ek hiel spytich foar Hans Andringa want hy docht sa syn bêst om it der sa útnoechjend mogelik útsjen te litten. Hans is ek de man dy‘t de fûgelhokjes fersoarget yn it park, lykas Hans de Water soarch hat mei de bijen hulde!

F.K.