Utslach competitie Biljetclub De Leste Stoat

21 juni 2015

in Biljart

Tongersdei 23-3-2015 ha wy de slotmiddei hân, der moast noch om de priizen spile wurde. De foarsitter hie wat nammen op papier mei hege sifers, werûnder him sels, dy ‘t der foar striide moasten. Dat hâlde yn, trije partijen, werfan de earste spile waard troch E. Muller en J. Visser.
Jan Visser wûn lang om let dizze partij mei de lêste stoat en hie dermei de fiifde priis, mar Eeltsje wie mar wat bliid mei de seisde priis.

Der wiene wol aardich wat leden bij elkoar om dit treffen mei te meitsjen, mei in kop kofje of in wyntsje wie it bêst gesellich. De twadde partij gie om de fjirde en tredde priis, Teade Grondsma en Joop Witteveen winsken elkoar in goede partij ta mar giene beide foar de winst en it gie oan. Joop wie net goed op dreef wat ûngelokkich hy moast it dan ek fan Teade ferlieze.  Dermei hie ús foarsitter de tredde priis en Joop de fjirde. It wie sok moai waar bûtendoar hast te moai binnendoar te wêzen, mar de wedstriid moast noch spile wurde.

Cato de Jong in biljetter yn hert en nieren, tsjin de man mei in bril fan Hans Anders, de bêste spiler fan de tiisdeiploech Sjirk Duiker. No it gie oan, dit gie om it kampioen-skip, der waard wat ferwachte,  dat jout spanning, en dan ken it allinnich mar tsjin falle, en sa gie it. In matige wedstriid dy’t wûn waard troch Sjirk Duker, mar dêr smakke it slokje of it wyntsje de taskôgers net minder om. Foar Sjirk wie it in dikke meifaller, want hy soe wol twadde wurde tocht er sels. Der wie ek noch in priis foar de heechste score, en dat wie dochs wol in bytsje spannend, dit gie tusken Seakle Hettinga en Rinse Westra, it siferwurk joech oan dat Rinse der it measte rjocht op hie. Sjirk hie in geweldige dei. In eerste priis en in jier lang de kampioensbeker wer’t syn namme yn grafeare wurdt, no dêr dronk hy noch mar in pilske op.
Lok winske!

Skriuwe, F. Kuiper

winnaar Sjirk Duiker

winnaar Sjirk Duiker