In minne dei

13 september 2016

in Verhalen

It sit de âlde Frederik net mei op dizze earste dei nei de fakansje. Juster thúskaam en no drok dwaande mei de haach. Hy hat him noch knipt flak foardat se trije wike lyn op reis giene. En wat seagen se juster? De haach is oan beide kanten fan it hûs seker tritich sentimeter heger wurden. Hy kin syn buorren yn Oasingahuzen amper meer sjen.
En dat is noch it slimste net. Fan ‘e moarn pakt Frederik de elektryske haachskjirre en klimt op it húshâldtreppentsje om de haach in kopke lytser te meitsjen. Hy is noch mar krekt fan start as er mei de masine de stroomtried trochknipt. Floep, yn ien kear leit alles plat en stil. Net allinne syn masine mar ek yn ‘e hûs is de stroom útfallen. Koartslúting.

“Wat bist oan ’t dwaan?” freget syn frou Hiltsje dy’t nei bûten komt, “myn stofsûger docht opiens niks mear….” “Gean der mar nêst sitten”, grommelt Frederik. Hy komt nei ûnderen, pakt de telefoan en skillet nei syn âlde maat Hessel yn Heech.
“Hessel, do hast my noch gjin healjier lyn in haachskjirre ferkocht, mar no docht dat ding it yniens net mear!”
It is even stil yn Heech. Dan: “Dat ding docht it net mear, seist… Wêrom docht er it net?”
Frederik: “Sil ik mei it ding nei dy takomme, dan kinst it sels besjen.” Hessel: “Kom hjir mar hinne!”

Frederik stapt mei de masine yn syn twaddehânsk autootsje. It reint, ’t is gjin waar foar de fyts. Hy rydt nei de ‘Watersport’ by de brêge en set dêr de auto del. Eartiids koe men gewoan fierder ride mar dat mei net mear. Dat is no ferbean. “Alles wurdt tsjintwurdich ferbean!”, gromt er en pakt de haachskjirre út de autobak. Hy strompelt oer de brêge. Syn knibbel docht ferrekte sear. Dêr moat er ynkoarten oan holpen wurde, seit de dokter. Dy hat him op de wachtliste setten. Dat duorret no al tiiden. Der sit gjin skot yn by dat folk, tinkt er.
Hy stroffelt foar Jonas lâns en set de Harinxmastrjitte yn. Net fier foar de katholieke tsjerke wennet Hessel. Dy hat it hiele jier troch fakânsje.

Hessel besjocht de masine en de kapotte tried. Dan sjocht er Frederik op en del oan. “…En do witst net wat er oan mankearret?!” seit er. “Bist noch te lui om dy tried sels te meitsjen?… Lis him hjir mar del. Oer in oere kinst him ophelje.” Frederik wol der leaver op wachtsje, mar Hessel hat gjin meilibjen. “Ik sei: oer in oere en gjin minút earder!”

Frederik skarrelt werom nei de auto. It reint noch hieltyd. Strontwiet krûpt er achter it stjoer. Hy drinkt in kop kofje by Hiltsje. Nei in oere stapt er opnij yn ‘e auto en rydt wer nei de ‘Watersport’. Dêr is it parkeerplak no fol. Dat sil men altyd meimeitsje. Hy sjocht om nei in oar plak. Om de hoeke is noch plak. It reint noch hieltyd.

By Hessel stiet de frou him te wurd. De baas sels is krekt even fuort, mar de haachskjirrre is klear. Hy kin him meinimme. “Dat is moai kreas regele”, seit Frederik. “Sis mar wat de kosten binne.”
De frou fan Hessel sjocht even op in pepierke.
“Fiifentritich euro”, seit hja dan, “op de kop ôf!”
Dêr skrikt Frederik fan.
“Bliksem, wat hat Hessel dan wol net allegearre dien mei dy skjirre?!”
“Fiifentritich euro, op de kop ôf!” werhellet de frou. “Hessel hat er in hiel skoft mei dwaande west, mar de skjirre is neffens him no wer izersterk…”
“No, dat mei dan ek wol!” bromt Frederik. Hy fisket it lêste fakânsjejild út syn beurs en jout it de frou. Sûnder wat te sizzen rint er mei de skjirre ûnder syn earm werom nei de auto. Dy Hessel, dy hat him goed by de fodden hâwn.

As er by de auto komt sil er syn kaaike pakke. Hy fielt yn syn iene bûse, mar nee, gjin kaai. Oare bûse, itselfde. Wat is dat no! Hat er de kaai soms by Hessel lizze litten? Dan moat er werom. Dat treft no ferrekte min. It hurde reinen is oergien yn in stadich buoike, mar wol wiet. It is net oars. Wat docht er trouwens salang mei de skjirre? De auto sit op slot en de kaai is fuort. Moat er de skjirre noch in kear meinimme troch de rein? Noch in kear mei dat ding troch Heech tôgje? Syn knibbel stekt flink. Hy sjocht om him hinne en leit de skjirre dan ûnder de autobak.

Foar de tredde keer skarrelt er no mei syn seare knibbel troch de Harinxmastrjitte. Hy skillet oan by Hessel. Dy is tafallich thús.
“Goeiendei Frederik!” seit er alderfreonlikst, “moai om dy te sjen! Sis mar wer ik dy mei helpe kin?”
“Kin it wêze dat ik myn autokaai hjir lizze litten ha?” freget Frederik.
De mannen sjogge beide om harren hinne. Niks, neat. Net op de tafel, net op de grûn.
“Hast him miskien noch yn ien fan dyn bûsen sitten?” freget Hessel, “partij minsken binne sa smoarhastich tsjintwurdich…”
Frederik fielt nochris en warimpel, hielendal ûnderyn, dêr sit er.
Hy wit fan skamte net hoe gau as er him werom draaie moat.

Werom nei de auto. Dêr leit de skjirre noch ûnder de koffer. Der is gjin ien mei fuortrûn.
Dat hie op syn moaisten ek noch kint.
As Frederik lang om let thúskomt wit er net wat er sjocht.
De buorman is mei syn eigen haachskjirre drok dwaande om de haach fan Frederik en Hiltsje te skeren.
“Ja buorman”, seit er , “ik seach jo knoffeljen mei de skjirre. Ik sei tsjin de frou: ik sil de âld man even helpe…”
Frederik is der stil fan.
Dan seit er: “Ik leau dat ik mar wer mei fakânsje moat. Ik bin der skoan oan ta!”

Symon van der Meer