Stamppot toernooi fan de biljertklup de Leste Stoat

8 maart 2017

in Biljart

It waard tiid dat der wer in stamppot toernoai kaam foar de biljertklup yn It Heechhús.
De jonge âlde mannen hiene der wer sin oan, en op 10-11 en 12 jannewaris wie it sa fier it soe heve.
De frijwilligers ha hun ynspand om trije biljert tafels te ynstalearjen yn seal ien, dy dingen moatte hierd wurde en dêr hingje sy sels de lampen boppe mei de skoare boerdsjes oan de muorre. En dy‘t der ferstân fan ha, ha in moai programma boekje makke plus de papieren op it boerd wêr de útkomsten op te lêzen wiene. Tiesdei de moans om njoggen oere gie it oan en waard de earste wedstriid spile, no sa betiid al te biljerten dat moat wol efkes wenne, se woene wol graach better mar dat wol dan net slagje.

Lang om let ha alle 32 spilers sân wedstriden spile yn trije en in heale dei. En wa‘t der mei de measte punten hiene, kaemen foar priis en preemje te spyljen. Mar earst soe der iten wurde, want it wie der tiid foar, no dit ha je mar ien kear yn it jier, en dêr drink je dan in borreltsje op by de bar oan foar ôf watte!
Fjouwer tafels yn it restaurant stiene op ús te wachtsjen, en der waard by oanskikt en de grutte skaalen mei stamppot laken ús ta, mei sjú, woarst en snytsel en komkes mei oare lekkernijen. De foarsitter woe efkes sizze dat hy nei iten wol sizze soe wa om priis en preemje spylje moasten.

 

Hy hat efkes oanhelle welke leden yn 2016 ferstoarn binne, en we ha foar Sybren vd Meer en Ids Osinga efkes stil wést. Douwe Tilkema en Theunis Arema binne foar hun by de klup kaam.

 

Mar Teade Hilverda en Auke Lemstra ha foar de klup betanke en dêr foar binne Harry Korge en Theo Potma oannaam. Der wiene trije reserve spilers frege, wêrfan A. Blanco spile hat foar H. Schrale en F. Miedema foar B. de Vries. Doe mochten de oansitters fan de earste tafel fan de foarsitter by de skaalen lâns om op te skeppen, der wie keus, en it liet him goed smeitsje.

Want doe‘t de lêste fan de fjirde tafel opskept hie wiene de earsten der al om in twadde poarsje. Koart sein tusken de jirpels en de brij kaam Joop Witteveen efkes oan ’t wurd, en hy hie it oer Klaske 7 dy lei op ‘e hoeke fan it lân, dy fûn dat sy gjin skuld hie oan it milieu probleem.

Dernei wie der ien dy rôp ‘mannen wolle jim efkes sjonge?’ en ja dat wie skathâlder Klaas. Hy song syn sels makke klupliet ‘Dreambol’ op de wize fan Droomland. En de klup song it refrein Dreambol sa lûd dat de rúten der fan trillen.
De stemming siet der alhiel yn en der kaam nog in lekker nei dessertsje op tafel wat der ek lekker yn foel.

 

Doe hat de foarsitter de kok Sybout mei personiel betanke foar it lekkere iten, wêrnei hy ek witte litten hat wa om de prizen spylje moasten.
En dat gie oan, de winner fan poule 1 Seakle Hettinga tsjin de winner fan poule 2 Theunis Arema, dat hat Seakle wûn. Lieuwe Ypma wie twadde yn poule 3 tsjin Anne Kuiper dy wie twadde fan poule 4 en dat wûn Lieuwe.

Dêrnei moast no.1 fan poule 4 Hendrik Altenburg tsjin Dolf Eilers no.1 fan poule 3, it wie in spannende partij dy waard wûn troch Hendrik.

Doe moasten spylje de no. 2 fan poule 2 Geert vd Bijl tsjin no. 2 fan poule 1 Cato de Jong. Mar Geert koe net, hy moast nei in beierdiging, mar der wie foar him yn it plak fûn. Sybout de behearder fan it Heechhûs hat spile foar Geert en hat it wûn fan Cato, it gie der om.

Dizze moaie dagen dan litte de fulde koeken har lekker smeitsje en elkenien mei him sels betsjinje mei kofje, tee of je nimme in borreltsje oan ‘e bar, dat meitsje de dagen gesellich. En dan de spanning hoe stean ik der foar, dat kin je dan lêze op it boerd, en dat wer oantekenje yn it programma boekje om it thús te bestudearjen.
De foarsitter hat de priiswinners lokwinske en de priizen utdield, foto’s ha ik der net fan.

Jaap Hettinga hat de frijwilligers betanke, dy’t de seal ynrjochte ha, en it programma boekje makke ha. Der falt hiel wat te rekkenjen en te regeljen sokke dagen, en dat is tige slagge.

Skiuwer F. Kuiper