Met de IJsclub er op uit!

10 april 2017

in IJsclub Heeg

Snein 13 maart 2017

Wat een aardig inisjatyf fan de Iisklub Heech!

Reedride op Thialf en mei de bus derhinne. Om 13.30 komt de bus op de Skatting oan en wat in gruttenien!

Doe’t wy ( Pake Dick, beppe Gerda en Marwan) oankamen stiene de minsken al te wachtsjen bij HCR De Watersport. De bus stopt op ʼe hoeke fan de Skatting/ Breewar. De sjauffeur docht it bagaazjerom iepen en elkenien kin de sporttas dêr moai kwyt. Elk kin dan op siik nei in plakje yn ʼe bus, der is romte foar 65 persoanen, dus foar de 33 dielnimmers mear dan genoch plak. Feike Attema Jr. kontroleart de dielnimmerslist en Jerke fungeart as ponghâlder. It is sinneskienwaar en wy hawwe in gesellige rit nei It Hearrenfean. De sjauffeur winsket ús in noflike middei ta en om healwei fiifen sil er hjir wer stean om it ploechje wer nei Heech te bringen. Jerke keapet 33 kaertsjes oan ʼe kassa fan Thialf en elk krijt in kaertsje en kin dan troch de tagongspoarte. De ploech splitst no yn hurdriders

( gean nei de 400 meterbaan) foar ik echte wurk. De bern mei harren mem/heit, beppe/pake, gean troch de tunnel nei de middenbaan. Kees de Jong hat us yn ʼe bus wol 20x sein, bern moatte troch de tunnel, oars komt it op ʼe kop ferkeart. Goed dat Kees dat sein hat!!

De 12 bern fermeitsje harren poerbêst en hawwe dikke iiswille. Moai om de bern sa te sjen en sy bliuwe ek it langst te riden, sy hawwe harren nocht noch lang net!

En wat gean se yn in pear oerkes foarut, letterlik en figuerlik. De grutten sitten al in skoft yn it restaurant foar de gesellige neisit. Wy sluten ús as lêsten derby oan, en nimme der ek ien.

Wy hawwe uiteinlik in profesjonele Bob mei.  Alle bern krije dan ek noch in bakje patat en neffens pake Dick wie it bêste patat. Wat in geweldige middei, dit is echt foar werhelling fetber.

Iisclub Heech en de inisjatyfnimmers oe sa betanke.

Foar de minsken die net mei wiene, in wiere oanrider, en kommende kear in folle bus?

Ja dochs!

 

Marwan, pake Dick en beppe Gerda