Fakansje thus

9 juli 2017

in Verhalen

Reizgje is foar my net fakânsje, it is faaks ôfsjen, betiid út bêd, mei koffers seule, libje út ‘e koffer, oeren opteard yn fleantúch en bus sitte… Hawar net eamelje, je dogge it jinsels oan, mar it is altyd wer it aventoer dat lokt… En je wurde der earmer en riker fan…

Mar simmers, de moaiste tiid fan ’t jier bin ik it leafste thús, as de tún op syn moaist is, mei dêryn ek nochris in ferskaad oan ‘wylde’ bisten.

Fakânsje hâlde doch ik thús… fan bêd ôfkomme wannear’t je wolle, in bytsje lanterfanterje, lekker in boek lêze yn ’t skaad fan in beam of gewoan yn ’e stoel in bytsje deidreame yn myn eigen paradyske.

                                                               Myn paradyske

De dei wurdt wekker
fûgels sjonge
wolken jeie
troch de loft
in sinnestriel
kleurt blommen
in bij op wei
nei huning
in flinter dûnsjend
op ‘e wyn

 

 

Mosken tsjilpe
om ’n kromke bôle
in klyster baait
yn ’t fûgelbad
in kat ferskûle
tusken struken
mieren myn terras
ferinnewearje
slakken frette
oan myn planten

Sa moai
dat libben
yn myn
paradyske

Mariet Swart