Kulturele Haadsted LF2018 belibje

6 maart 2018

in Verhalen

Kinst ‘r net omhinne, fan alle kanten wurdst wol op ‘e hichte holden fan wat er rûnom yn Ljouwert en yn ‘e provinsje allegearre te belibjen falt yn 2018. De krityk is ek net fan  ‘e loft, Bokwert besocht de rol fan KH2018 sels oer te nimmen, mar de mienskip koe it dêr net iens wurde… Om neat te missen kinst einlings net iens mei fakânsje dit jier.

Goed foar de Fryske ekonomy tinkt my!!!

Al foar de offisjele iepening bin ik it kulturele paad op gien… Op sneintemoarn nei Ljouwert nei de eksposyje fan Mata Hari. Ik hie it ryk dêr hast foar my allinne, wat in genot, koe op myn gemak alles besjen en lêze. Margaretha Zelle dy’t al op jonge leeftiid har eigen wei gong. Troch in mislearre houlik har kost fertsjinne as eksotysk dûnseres yn Parys, Milaan en Berlyn. Yn ‘e oarloch (WOI) beskuldige fan spionaazje (is it wol wier?) hat se op 15 oktober 1917 de kûgel krigen. Moaie eksposysje, ik ha wol bewûndering foar dizze frijtinkster…  Dan leit it foar de hân, datst ek nei de foarstelling fan ‘De Frijtinker’ yn Drylts wolst, in foarstelling út de rige fan ‘Under de Toer’ rûnom yn ‘e provinsje te sjen. De muzikale teater rintocht giet fanút de kroech, yn stromende rein, nei it tsjerkhôf. Yn de trije tsjerken, wêr duveltsje ûnrêst stoke, belibje we de ferhalen oer striid, ferlies en oerwinning fan wat religy teweibringe kin.

De jûns foar de offisjele iepening koene je op ferskate plakken nei ferhale fertellers. Sa ek by stâlhâlderij Kruis healwei Lytshuzen en Aldegea. Op ‘e fyts yn ‘t tsjuster it gefaarlike fytspaad del, ast tusken de tichels fêst rekkest, kinst sa de sleat yn dûkelje! En wêr fynst de reed nei de buorkerij, dy’t in ein fan ‘e dyk leit, en ik sjoch al gjin bliksem yn ‘t tsjuster, mar lokkich komme der auto’s oan, dy’t der blykber ek nei ta wolle. Yn ‘e keuken hat Elly Kruis kofje en tee mei cake foar de leafhawwer. Mei in lyts ploechje gean we nei de hynders. Dochter Coby hat mei har sus Ylona in smûk hoekje makke neist de box fan Wytse. Op in âlderwetske stoel ûnder in skimerlampe, en wy op striepakken d’r omhinne, fertelt Coby mei passy oer Wytse 462. De djipswarte Fryske hynst mei syn moaie behang is suksesfol yn ‘e dressuur, mar hat ek foar suksesfolle neikommelingen soarge. Coby traint Wytse wol, mar jout earlik ta dat se de dressuur net goed behearsket, foar de wedstriid hat se in betûfte amazône. As ik letter nei hûs wol, hat Elly noed dat ik wer it gefaarlike fytspaad del moat yn it tsjuster…

Thús krij ik in appke fan Lida, ast moarn nei de iepening fan LF2018 giest, wol ik graach  mei. Om ien oere yn Drylst op ‘e trein prate we ôf. By it stasjon docht bliken dat ik in ferkeerde tiid opskreaun ha en stean we dêr trije kertier te blaubekjen. Yn Ljouwert kinst de mistfontein ‘Love’ fan de Spaanske keunstner Plenza op it nije stasjonsplein net misse, it plein is noch wat wenne, mar we fine de fontein dêr moai. Oeral yn ‘e stêd binne foarpriuwkes te sjen fan wat LF2018 te bieden hat. De stoarmruters parearje troch de stêd, bern dûnsje op strjitte, der wurd songen en muzyk makke op oalje drums.  Op it Aldehousterstjerkhôf stean we yn ‘e rige foar Obe, Frijsteat it Lân fan Taal. Op it lewand allegear wurden fan neonferljochting yn ferskate talen en op ‘e houten blokjes dy’t dêr hingje stean wurden (bekbrekkers!) fan de 6720 erkende talen. We strune wat om en as we yn ’t tsjuster it paad bjuster binne, freegje we de wei oan in pear manlju, se anderje, ‘we’re from Aarhus (KH2017) Denmark’… pommeranten tink ik… want wat moatst hjir no al… It is stjerrende kâld en ús lichem kin wol wat brânje brûke. In plakje fine falt net ta, it is oeral like fol, mar Saray, Turks restaurant, hat noch krekt in plakje.

Om op it Wilhelminaplein te kommen moatst troch poarten en wurde ús tassen kontrolearre. It is noch mar acht oere, it reint, waait en it is kâld en de iepening is pas om healwei tsienen omdat de útsending fan Wie is de Mol earst ôfrûn wêze moat. We beslute om by de Hema in bakje kofje te dwaan, ticht by en binne we d’r sa wer. No moai net. de hiele strjitte stiet stief fol minsken en de poarten binne sluten! Dan mar nei de Aldehou, ek dêr is it smoardrok. We bliuwe in bytsje oan ‘e kant stean, we wolle net tusken de meute, want we moatte straks wol de lêste trein helje.

Nei it ôftellen, projektearre op ‘e nep Aldehou, is mei in klap op in gong troch in famke op it lytse balkon fan de echte Aldehou KHLF2018 iepene. Dan giet it los mei ljochtbylden, muzyk en op it dak fan Tresoar jout in korps in show wei. We krije bylden te sjen fanôf it Gouverneursplein en Wilhelminaplein wêr Nynke Laverman en Piter Wilkens ‘Seis oere thús’ sjionge. It is wol bysûnder om dit live mei te meitsjen, mar om te sizzen spektakulêr… nee. Lida seit: ‘thús mei de poes op ‘e skurte hy wol sa noflik west’, dat is wol sa, mar dit makkest nea wer mei… It wurdt tiid om nei it stasjon te gean, rjochtstreek kin net, want oeral binne ôfsettingen, en as we de trein misse ha we in probleem, de taksi is ús te djoer en as we rinne moatte binne we net om ‘seis oere thús’… As ‘djip-Fries’ kom ik om tolve oere thús. Draai de ferwaarming omheech en sjoch noch efkes nei de televyzje útsjoering fan de iepening… bliid dat ik d’r live by wie…  Myn reade kater dy’t nachts altyd op ít fuottenein fan myn bêd leit wol krekt dizze nacht nei bûten en moat ik it sûnder in waarme krúk dwaan.

Der falt dit jier in protte te belibjen, mar om in kaartsje te besetten moatst der op tiid by wêze, oars kinst it ferjitte… Foar Marijke Muoi is it op neat útdraaid, in oere efter de laptop en tagelyk de telefoan derby, de site plat en de telefoan dea… mar foar de Stormruiter is it wol slagge. Lokkich is der ek in protte wêr’t je sa hinne kinne. Yn Heech kinst ek LF2018 belibje, it teater en muzyk spektakel fan Heechspanning op 10 maie en fan Crescendo op 11 maie stean yn it teken fan At the Watergate. Oan dit Euopean Youth Music Festival yn Snits en Heech dogge sa’n 7000 jonge musici mei út hiel Europa, ûnderbrocht yn skoallen en sportskoallen! Fanút de mienskip opset lift it ‘Terug naar Heeg’ konsert op it wetter op 30 juni ek mei op LF2018, hjirfoar moatst dy oanmelde en it kost in pear sinten… mar dan makkest wol wat mei… dit komt net wer!!! Mar fanôf 18 maie kinst fergees de 11Fountains yn de alve stêden bewûnderje. Kinst net sa lang wachtsje, dan kinst yn koftsjalk de Tromp, dy’t de alve stêden oan docht mei de eksposysje de Tocht, de makettes fan de 11Fointains sjen.

Der is noch folle meer te belibjen, sjoch op: LF2018.nl

Mariet Swart