De Russyske bear

3 april 2018

in Verhalen

Ein febrewaris, de maitiid lit fêst net lang meer op har wachtsje… en it earste ljipaai… mar Piet Paulusma hat wat oars ûnder de pet… de Russyske bear… matige oant strange froast en in hurde wyn, mei in gefoels temperatuer fan min 17 graden…

De hiele winter noch hast gjin fûgel yn ‘e tún sjoen, útsein in pear klysters, dy’t inoar de tún út jeie. Mar no komme der ek mosken, mieskes, in readboarstke, in ekster en de ‘swarten’ (ka’s en krien). Moarns fan bêd ôf earst op bleate fuotten de tún yn om de fûgels te fuorjen. (op bleate fuotten yn ‘e snie moat sûn wêze, miskien op ‘e kâlde stiennen ek wol… nee, ik ha noch nea gryp hân) Ik strui op ferskate plakken bôle en hjouwermout en ferdiel wat nútsjesmoar oer in teepantsje en it lid fan de nútsjesmoarpot. De ekster nimt it lid mei, de swarten lûke de pot út ‘e hâlder en in buorkat slikket út it pantsje… Myn reade kater sjocht it oan fanôf it finsterbank yn ‘e hûs en klaptosket… nee, net fanwegen de kjeld…

Op ‘e feart efter Talma leit in moaie glêde iisflier, wêr heiten en memmen (ja, sels ien efter de bernewein!) mei bern reedride, nee, se binne hielendal net bang foar de Russyske bear… Eartiids mocht ik ek graach ride, op houtsjes yn 1963 de Alve Marrentocht riden, yn Langwar fan it iis ôfhelle, omdat it tsjuster waard en troch de hurde wyn de banen ticht wisken. Dêr stie in bus klear dy’t elkenien nei Snits brocht. Wol in medalje krigen… Mar op hege noren woe ’t net meer, sloppe inkels, twa kear dy dingen ferkocht, ik wie der hielendal klear mei… Earlik sein winters hoege foar my ek net meer, it mei fan my altyd wol simmer wêze…

Mar ast Fryske en Russyske roots hast, dan krijst dochs striid om de Siberyske kjeld yn te gean om te sjen wat de Russyske bear mei de mienskip docht. Ik stap yn ‘e auto en ryd rjochting Gaasterlân, by Waterloo slaan ik ôf nei Elahuzen. Op in hikkepeal sjoch ik in mûzebiter sitten en in ein fierder sit in ielreager yn ‘e bjirm, ik hoopje dat harren proai net nei de ivige jachtfjilden is… By de Lange Hoek set ik myn auto oan ‘e kant en rin oer in pôle nei de Fluessen. Ik mei dêr altyd graach it fjild en it wetter oersjen, it wetter is no sa fier ast sjen kinst iis en it fjild, brúngiel fan kleur, leit der foar dea by.

Ik reitsje dêr yn petear mei in manspersoan dy‘t kuierje woe oer de polderdyk. ‘Net te dwaan yn dy Siberyske kjeld en it rint ek net noflik op ‘e hurde grûn’ seit ‘r. We ha it oer eartiids doe’t der foar ús gefoel winters faak riden wurde koe oer de marren. Mar dat de opwaarming fan de ierde hieltyd faker de Russyske bear op ôfstân hâldt.

Ik ryd fierder lâns Elahuzen en Aldegea wêr kloften guozzen op ‘t lân sitte. Healwei Nijbuorren en Riis ha skiep de leite fan hikken opsocht. By ‘t Murnser Klif binne no net kite surfers drok dwaande, mar wurdt der riden troch ‘Djipfriesen’ op in reep iis wêr’t de weagen op stikken slaan. Ik kin it net litte en rin in ein oer it iis op ‘e Iselmar. Om op te waarmjen helje ik in kop snert yn paviljoen ‘t Murnser Klif. Ik stap wer yn ’e auto en ryd oer de ‘seedyk’ nei Laaksum, de Iselmar is hjir frij fan iis. Oars altyd wol drokte hjir, is der no gjin kop by it haventsje. Neat te fertsjinjen foar it kofjetintsje dêr.

Op it Reaklif stopje ik by de dikke stien ‘leaver dea as slaef’ en lit myn tinzen werom gjin yn ‘e tiid, hjir kamen Durk en ik faak, en hjir ha ik ôfskie nommen fan Durk…

By Starum rin ik boppe oer de dyk lâns de Iselmar, by de slûs yn ‘e bûtenhaven leit iis, mar fierder leit de Iselmar hjir iepen. Jong en âld ryd hjir op in grêft yn ‘e smoute fan ‘e huzen. Op it strân fyn ik in deade fûgel, in ôffretten karkas sûnder kop, mei wite en swarte fearren en oranje poaten. Ik draai ‘m in pear keer om, mar kin net gewaar wurde wat foar fûgel it is. It waait hjir dat it rikket en de Siberyske kjeld sit my sa njonkelytsen yn ‘e bonken en sykje ik myn auto op. Op wei nei hûs doch ik Drylts oan, om de makettes fan de 11Fountains te bewûnderjen yn koftsjalk De Tromp. It skip hie al yn Sleat lizze moatten, mar leit fêst yn ’t iis. By de brêge by in grut wek sitte wol tsien ielguozzen, dy sjochst net faak yn ‘e kom fan doarp of stêd. As se út it wetter komme slaan se de wjukken út om te droechjen, moaie fûgels… hoewol fiskers… Fierderop libbet in motorrider him út op it iis fan de Geau…

De Russyske bear… belibje en oerlibje…

Mariet Swart