Fugelwacht

17 april 2018

in Aankondigingen, Natuur in en om Heeg

Oprop oan belangstellenden en leden  fan de Fûgelwacht Heech.

Hjirby noegje wy jimme út foar in gearkomste op woansdeitejûn 11 april 20.00 oere yn Natuera, it Heemparkgebouw. Wat is it doel fan dizze jûn?

Meiïnoar besprekke oer hoe en wat en hoe no fierder?

Is der noch in besteansmooglikheid foar Fûgelwacht Heech?

Sa ja? Kin der in nij bestjoer foarme wurde en in nije ledelist opsteld wurde?

It is fan belang dat op dizze jûn safolle as mooglik leden, âld leden en belangstellenden oanwêzich binne. Plannen en ideeën binne uteraard, krekt as jimme, fan herte wolkom. Oant sjen op woansdei 11 april om 20.00 oere yn Natuera.

dei-foarsitter: Piet Vlas

dei-siktarissen: Bert Zijlstra en Hans Andringa