Fugelwacht Heech

16 mei 2018

in Natuur in en om Heeg

 Fûgelwacht Heech is net mear.

De Fûgelwacht Heech bestiet net mear. It ljipke lit it kopke hingje. En dat nei 75 jier. Op de gearkomste fan 11 april 2018 yn Natuera is dit beslút nommen. Der wiene mar njoggen fûgel- en natuerminsken dy’t gehoar jûn hienen oan de oprop yn De Sylboade fan april. Soks seit eins al genôch. Sels fan it lêste bestjoer wie der mar ien oanwêzich. In goede fûgelwacht stiet en falt by in goed bestjoer, en dêrfoar binne gjin minsken mear te finen.

Sadwaande like it dei-foarsitter Piet Vlas, tegearre mei dei-lid Bert Zijlstra en dei-siktaris Hans Andringa, ferstannich ta de Fûgelwacht mar op te heffen. Dan kin it kasjild – oerbleaun fan in legaat krigen fan  mefrou Scheurleer – wer brûkt wurde dêr’t it foar bedoeld wie. Brûkt foar de fûgels. By de stimming wie ien fan de njoggen tsjin opheffing, mar hy: ‘sil my der wol ûnder deljaan moatte tink?’

Nei it skoft de slutingsgearkomste. It beslút is nommen Fûgelwacht Heech op te heffen. Der wurdt besletten om it kasjild yn trijen te ferdielen ûnder 1: Stichting Heempark Heeg, 2: De BFVW en 3: Skriezekrite Idzegea. Der sil op tasjoen wurde dat it goed teplak komt.

It doek is fallen. Piet memorearde noch oan de leden fan fertsjinste troch de jierren: Kees Lemstra, Minne Wienia, Gatze Haanstra, Bauke de Vries, Siem Strikwerda, Cees Piso, Mark de Jong, Hans Andringa, Bert Zijlstra en Gerben en Tseard de Hoop. Fansels kin Piet Vlas yn dit rychje net ûntbrekke.

De dei-foarsitter hie, krekt as de oaren, noch in winsk: ea wer krûdige greidefjilden fol fûgels. En hy beslút: ‘Dit is it ein’. De neisoarch kin begjinne.

En oan it ein ien út de âlde doaze (Sylboade maaie 2000)

Utbrieden

 Nee, ik nim gjin aaien mei

mieningen feroarje hjoed-de-dei

men kin it witte, men kin it lêze

it earste briedsel soe it bêste wêze.

 

Dêrom, aaien nim ik net mear mei

jo moatte jo dêr yn skikke,

sei de ljip, doe ’t er seach dat in aaisiker efter de hikke

………. in aaike lei.