Fossylfrij de simmer troch…

13 september 2018

in Verhalen

Ferline jier troch in oantal fleanreizen meidien oan de nedige CO2  útstjit – hoewol’t dy fleanmasines sûnder my ek de loft yn gean – ha ‘k my foarnommen om yn 2018 net te fleanen. Nei de hjitte en de tyfoon yn Vietnam, wêr’t we, as ramptoeristen, oant de knibbels ta troch de blank steande strjitten fan Hoi An ús paad sochten, lavearjend tusken ratten en boatsjes mei koffers fan toeristen dy’t nei in oar ûnderkommen moasten… wol ik my dizze simmer fossylfrij fermeitsje.

Ik ha my sels oplein, wêr‘t mooglik de auto stean te litten en op ‘e fyts (as 70 plus wol in e-bike, mar gjin oplader mei) of mei de trein derop út te gean. Der bart fan alles yn Fryslân, do kinst eins ek net fuort, mar ik kin it net litte en gean yn maie nei in ‘cool’ lân. Skotlân en de Orkny eilannen liket my wol wat ta wat temperatuer oangiet. Boppedat kin ik dêr mei bus en boat komme. No, wat temperatuer oan gie, 2 wike sinneskyn en 26 graden, dêr wie ‘k wat klean oan gie hielendal net op berekkene, oer cool sprutsen… Mar cool wie it, it lân giel fan ‘e gaspeltoarnen, mear skiep as minsken, en de Skotse hooglanders… ha ‘k wer net sjoen… ek op fakânsje?

En ast dan thús komst, wit it moaie waar ek net fan ophâlden, sinne sinne en nochris sinne… komt my goed fan pas fanwegen myn plannen. Foar my is it in útdaging om de alve fonteinen op ‘e fyts te besjen, wat in gelok dat de fontein fan Dokkum noch net klear is… Earlik sein wie ‘k der al diels mei de auto bylâns west, mar dat wie om’t ik foar myn ‘wurk’ op koarte termyn in foto fan it wyfke fan Starum nedich hie, en dan bist dochs al ûnderweis.

Ik wurd skille troch Froukje, giest mei te fytsen, rûntsje Workum, nee, ik ha in better plan, we gean nei Frjentsjer, want fontein de Oortwolk hie ‘k noch net sjoen. Boppedat is it noardewyn en dan ha we weromreis, mocht de akku leech reitsje, foar de wyn. Op ‘e eco stân, net as in blyn hynder plat op it stjoer jakkerje, komst fierder en sjochst mear, fytse we rjochting Frjentsjer. It is wat sykjen nei de koartste rûte, de Slachte dyk kronkelt aardich. En dan krúst Akke út Tsjerkwert, ek fossylfrij, ús paad, se oefent foar de Hemdykrintocht, se wiist ús de wei. It is in leech gebied, wat buorkerijen en stille doarpkes, we komme net in fytser tsjin.

It terras op it plein by de Martinitsjerke sit it fol mei besikers fan ‘e Oortwolk fontein, dat kinst sa oan ‘e grize koppen ôflêze. De fontein is moai, mar lyts en falt wat wei neist de Martinitsjerke. Yn ‘e tsjerke besjogge we de weefkeunst eksposysje fan Rita Kok, frou fan Wim. Ik kin it net litte en freegje oan besikers wêr ’t se weikomme, fan Utert, se dogge in pear dagen Fryslân mei it iepenbier ferfier…! We kuierje troch de tún fan it Martenahûs en sjogge ek even by it Sjûkelân, it gêrs leit ‘r kreas by foar de PC. Weromreis nimme we in oare rûte, en hoe bestiet it, we ferdwale by Arum, mar dêrtroch komme we wol yn it tsjerkje wêr’t keunstner Louis Hagen húsmannet en hy hat dêr in bysûndere útstalling, der stiet sels in paraglider. Wer thús stiet de teller op 75 km.

Datst ek maleur ha kinst, blykt op ’e weromreis út Starum, wêr’t we de fiskerijdagen en de Fiskfontein besochten. By Molkwar staakt myn e-bike, de hiele boel resette, mar neat helpt. Pal yn ‘e wyn nei Hylpen, gjin fytsmakker dêr, troch bealgje nei Warkum, de fytsmakker dêr is al sluten. Ik kin fansels op ‘e trein stappe, mar dat is myn eare te nei. Heech-Starum-Heech mei ’t pontsje is mar sa’n 50 km, mar 20 km yn ‘e wyn op bealgje op in e-bike dy’t it net docht… en dan der thús efter komme dat we de fontein fan Hylpen ek noch fergetten ha, is bale…

Op in sneon is it perfekt waar om nei Koarnwertersân te fytsen. Ik hifkje efkes oft ‘r guon mei wolle, de ien hat de sliep noch net út, de oare fynt it te fier, no dan mar allinne, kin je dwaan wat je wolle… Tusken Boalsert en Surch fyts ik lâns de A7 en kom gjin kop tsjin, de fossile enerzjy opwekkers by Hiddum Houw bepale hjir it byld… As ik op ‘e kop fan ‘e Ofslútdyk kom, klim ik de dyk op en ha ‘k moai sicht oer it Waad. Kom der efter datst fan hjir bûtendyks nei Harns fytse kinst, set ik dus op myn bucketlist…

Ik ha wol wat mei de Ofslútdyk, dat hielendal neat, ik hoop dat se der hjir net in ‘pretpark’ fan meitsjen gean, wat guon eins wol wolle. Yn it Waddencentrum kinst û.o. de skiednis fan ’e oanlis fan ‘e dyk sjen en troch in 3D bril de fiskmigratie rivier belibje. Boppe op it dak sjochst de hiele wrâld oer en yn it restaurant genietsje ik fan kofje mei Fryske cheesecake en ‘t sicht op ’e Iselmar. Weromreis tusken ‘de kop’ en Makkum sit in keppel guozzen yn ’t lân dat der no net as in soppich hapke by leit. Fia Allingawier, Parregea en Blauhûs kom ik wer yn Heech en stiet de teller op 68 km.

De LC hat in oanbieding foar abonnee’s om mei de bus nei ‘t Bildt foar Escherkeunst yn ‘e nôtfjilden. Moat yn Ljouwert opstappe, gean op ‘e fyts nei Drylts, parkeer myn fyts by âldereinhûs Nij Ylostins (de e-bike by it station fertrou ik net) en stap hjir op ‘e trein. Om’t ik betiid yn Ljouwert bin, besykje ik oft ik yn it Fries Museum de eksposysje fan Escher sjen kin, ‘k hie gjin sin om te reservearjen mar ik ha gelok en kin sa trochrinne. Middeis mei de bus ‘t Bildt yn, by Westhoek op dyk even trochwaaie. Dan lâns de keunstwurken, moai sicht fanút de bus mar we kinne der net út. By Nij Altena stiet in reuzenrêd, dat ding is eins net heech genoch en de keunstwurken wat te fier fuort. Werom yn Ljouwert fernuverje ik my oer de fratsen fan besikers fan de Love fontein en sykje ‘k de trein op…

Mei dy tropyske dagen kom ik net fan ‘e pôle en fermeitsje ik my yn m’n eigen paradyske en lês de Sweedske thriller ‘Paradiset’, wêr’t it net paradyslik oan ta giet. It liedingwetter is sa waarm dat ik gewoon ûnder de kâlde dûs kin. Allinne foar it koaitsjen en ôfwaskjen brûk ik gas. Fernuverje my oer de fûgels, foar guon is it dreech om oan fretten te kommen, ik ha se oan ‘e hjouwermout en der stiet in bak wetter. Der húsmanje katûlen yn ús buert, der sitte 2 sels de hiele dei yn ‘e keale wâlnutebeam fan Lieuwe en piipje se wat ôf. Yn myn tún húsmannet ek in stikelbaarch, fanwegen de droechte binne der net folle slakken, en strui ik jûns wat kattebrokken, en op ‘e túntafel set ik in bakje kattebrokken foar de katûlen… moarns is alles op…

De fonteinen fan Snits, Drylts, Boalsert, Warkum en Slaet lizze om ‘e hoeke en maklik op in middei te fytsen. Op ‘e dei fan ‘e PC fyts ik nei Harns, de hiele dei hearst dan op ‘e radio… boppe, kwea, triktrak, spul om ’t earst en skjinne seis, ik ha neat mei keatsen. Doch gjin muoite om ien mei te krijen, ik wol der hjoed allinne op út en set betiid ôf. Fia Easthim, Folsgeare, Boalsert, Skettens – wat leit dit doarpke der himmel en skjin by – by Wytmarsum oer in fytspaad dwers troch mais- jirpel- weet- en bitefjilden kom ik by Grauwe Kat (ik ha dat bist dêr net sjoen). Fia Arum en Kimswert, wêr’t ik stopje by de Laurentiustsjerke, ‘kerk open’ stiet op ‘e hikke mar de doar is ticht, it is tolve oere en is de oppas seker oan ’t middeismiel. Op it bankje by it byld fan Grutte Pier (mear berucht as ferneamd) sitte fytsers harren bôle te iten, sy dogge de alve stêdenrûte. Yn Harns stryk del op in terras, myn mage hat sin oan wat… Gean op wei nei de haven, oeral binne se mei de tariedings fan ‘e Tallships dwaande. Ik wol mei it pontsje nei de Potfisk fontein, wêr lit ik myn e-bike?, hy kin mei op it fossylfrije pontsje. Tagelyk mei my komt ‘r ek in man oan, de pontbaas wol him 2 kaartsjes betelje litte… Hy is te fytsen gien, en syn frou sit by de PC…  Fanôf Harns fyts ik bûtendyks nei Surch, it is prachtich om dêr lâns it Waad oer de skeanôfrinnende dyk te fytsen, der binne hjir frijwat fytsers en rinners. Kom lâns in keppel fan sa’n 150 strânljippen en ek fleane hjir in soad swellen. Fyts yn Boalsert noch even lâns de Flearmûs fontein, komt ’r in man mei in SUV dy’t seit, ‘je was net noch in Zurich’, ‘ja, mar fossylfrij komst der ek wol’ sis ik, ‘o, je hebt in e-bike’… Yn Heech stiet de teller op 73 km.

Begjin augustus, tiid fan de Tallships en it skûtsjesilen, wol fossylfrij derhinne wêr’t it kin. Twa dagen nei de Tallships, tref Ineke ûnderweis en dogge we ús yn ‘t fearhûs te goed oan in broadsje ‘Ouwe Seun’, mei Lida de Sail-Out belibbe fanôf de Regina Andrea op it Waad. Nei it skûtsjesilen op de Clasina fan Piet, nee, gjin blaue disel… en dan moetest  toeristen op ‘e boat dy’t neat witte fan KHLF2018 en de 11Fountains, en it seilteken fan ‘t skûtsje fan Ljouwert yn ferbân brocht wurdt mei it automerk Peugot… en wêr’t de ien yn in hoekje binnen sit te lêzen en de diehards op it dek de rein trotsjearje… Mei de trein as hjerringen yn in tûne nei Ljouwert, wêr’t we ús twa dagen yn ‘e gekte fan it Reuzenspektakel stoarte, (sinterklaas yntocht foar folwoeksenen, hear ik ien sizzen)  Kinst bytiden gjin kant út, mar dit wolst hoe dan ek mei meitsje, it is treffend, it taast dy yn it moed, en krijst in stoat endorfine wêr’t je tiiden op tarre kinne…

Wat in simmer… tiid te koart…!

Mariet Swart