Oantinken oan master Willem O. Santema

13 september 2018

in Verhalen

De lêste kear dat wy Willem Santema sprutsen wie yn july op syn âldjiersdei. Ik woe in ôfspraak meitsje foar in koarte besite, mar de dokter hie him op rantsoen setten. Ein fan ‘e wike, dat soe better passe. De oare deis brochten wy him in bosk blommen. Sinneblommen foar syn jierdei. Hy naam se sels oan. Hy wie der bliid mei. Dat wie de alderlêste kear. In lytse wike hat er dêr noch fan genoten. Doe wie de kears ôfbrânt. Willem wie net mear.

Wy koene inoar al lang, hiel lang, miskien wol tritich jier. It begûn mei de Sylboade. Ik skreau dêr destiids út en troch in koart ferhaal yn. Myn Frysk wie soms net al te bêst. Willem rikte my dan ferbetteringen oan. Foarsichtig, hiel beskeiden, want dat wie er, mar ik hie der wol wat oan. Willem sels skreau regelmjittich yn ‘e Sylboade, de lêste jierren foaral mei âlde foto’s fan Hegemers. Ferlyne jier belle hy my op om my te felisitearjen mei de foto op de omslach fan de Sylboade. “De namme is fan my”, sei er, “en de foto fan dy. Wy meie net kleie…” Fan him krige ik ek syn boekje oer ‘Willem Santema, in fersetsman’. It wie Willem syn âldomke. Hy wie nei de fersetsman ferneamd. Sels hie er in flink oandiel oan it boek levere.

Doe’t Willem nei de HBS yn Snits kieze moast foar in fierdere stúdzje hat er ûnder oaren tocht oan de herfoarmde akademy De Horst yn Driebergen. Op syn bêst wiene Willem en ik inoar dêr tsjinkommen. Hy keas foar de kweekskoale yn Snits en kaam sadwaande letter as haad fan de skoalle yn Heech teplak, tegearre mei syn frou Janny. Janny kaam  sawat út deselde streek as myn frou Aaltsje. Sy koenen útstekend mei inoar oerwei.
Ien kear per jier kamen sy by ús oer de flier, it oare jier krekt oarsom. Yn de simmertiid, as wy yn Heech taholden, skoude Willem gauris nêst ús oan yn ’e bank fan de Haghatsjerke. Syn baret hong dan oan ‘e kapstok yn it portaaltsje. Op sneontemiddeis wie er dêr ek faak te finen om de gasten te fertellen oer it ieuwenâlde godshûs. Willem wie net berneftich yn religieus opsicht. Wy kamen inoar tsjin by de saneamde Itenser Rûnte.

En sa  binne der noch in protte oare dingen te fertellen, oer syn leafde foar syn gesin en famylje en freonen, foar de natoer, foar de skiednis fan Heech. Dêr kinne oare persoanen mear oer fertelle. Wy binne bliid dat wy Willem Santema kend ha.

‘In belêzen, fleurige en betroubere heit’, skriuwden syn bêrn op de roukaart. Sa ha wy him ek kend. Op de dei fan syn ferstjerren ha de klokken fan de Haghatsjerke in kertier lang lieden. Ofskied fan in oprjochte Fries.

Symon van der Meer

’t Eilân 17