Heechemer om utens

21 oktober 2018

in Familieberichten

 

Fan Pietsje Lemstra yn Amearika kaam der in e-mail yn it Ingelsk. Se liet witte dat har broer Atse Lemstra ferstoarn wie, en it e-mail wie in memoriam fan Atse syn libben. Lokkich hie ik in útfanhûzer dy’t my foarlêze koe wat der oer Atse yn stie. Atse wie op de legere skoalle in klassegenoat fan my. Syn dochter liet witte dat Atse yn 1933 yn in lyts plakje yn Fryslân (Lytshuzen by Heech) berne wie, en dêr op skoalle west hie. En dat hy nei in skoalle moast dêr’t hy tsien kilometer foar fytse moast. Hy hie wurke yn in snoepfabryk (King).

Foar syn militêre tjinst wie hy by de Nederlânske marine west. Dêrnei is hy emigrearre nei Amearika, wer‘t syn broer Jaap ek wie. Atse syn namme waard der feroare yn Andrew. Mar yn Amearika moast in emigrant ek opkomme foar militêre tjinst, en dêrtroch is Atse berops militêr wurden. Foar Amerika is hy as militêr útstjoerd nei Frankryk, en in oantal jierren nei Dútslan en dêrnei  nei Panama. Yn Panama hat hy syn frou moete, en der in soan en in dochter by krige. Hy hat ek yn Vietnam tsjinje moaten. Hy hat nea fertelt wat hy dêr meimakke hat seit syn broer Auke. Nei Vietnam is hy wer útstjoerd nei Panama. Yn 1977 koe hy al mei pensjoen, hy hat dêrnei as frijwilliger administratyf wurk dien foar it tehûs fan pensjonearre militêren. Atse kaam graach nei Fryslân nei syn âldste broer Auke, syn suster Riemke en syn jongste broer Últsje.

 

 

 

 

 

 

Atse koe by him thús Nederlânske kranten lêze op internet en skype op de pc dan koe hy syn neisten sjen en mei prate, syn âldste suster Afke wennet yn Australië. Yn de twadde wrâldoarloch doe’t Atse as skoaljonge fan Lytshuzen nei Heech rinne moast, wie it hiel gewoan dat der folle mear bern dêrwei, en ek fan Osingahuzen nei de skoallen yn Heech rûnen. By de trijesprong swile Atse wat jongere bern by elkoar, dy moasten foar him yn gelid marsjearje nei Heeg. Sa waard my ferteld troch in Osingahúster dy‘t no yn Heech wennet. En dy‘t tsjin syn sin ek foar Atse marsjearje moast, hy is no 80 jier mar is it noch net fergetten.

Atse hold fan fuotboljen, foar dat hy emigrearre wie hy hjir by de fuotbolklup. Letter doe‘t Atse hjir by syn broer Auke kaam, hie hy ek kontakt mei Rinze en Frony Veenstra. Wannear’t dy nei in wedstriid yn Heerenveen giene, regelen se ek in kaart foar Atse. Atse gie dan mei har en fûn dat moai en hat derfan genoaten. Doe‘t Atse 80 waard hat hy syn jierdei fierd by tante Juul in ythúske by de haven de Eendracht op it Eilân. Hy hat der doe alle kunde by útnoege. Dizze maitiid hat hy hjir wer west, doe wie hy al net fit mear, en hy hat doe oanjûn dat hy hjir net wer kaam.

F.K.