Black Friday – Swarte Freed

11 december 2018

in Verhalen

 

Wêr komt it wei, wat is it…

Lit my begjinne by Thanksgiving Day, de 4de tongersdei fan novimber, yn Amearika. Wy kinne it as Tankdei foar it Gewaaks. Yn Amearika is Thanksgiving in nasjonale feestdei en hat it in grutter begrip, it is net allinne tank foar it gewaaks, mar ek foar allegear oare goede dingen. It is tradysje om op Thanksgiving mei de hiele famylje te iten: kalkoen mei swiete ierpels, tusearten en feanbeien, en as neigesetsje pompoentaart. Sûnt it presidinstskip fan John F. Kennedy is it ek tradysje dat in presidint in libbene kalkoen graasje jout, en wurdt Thanksgiving ek wol Turkey Day neamd.

Yn ‘e jierren 50 fan ’e foarige ieu, neamde de polysje fan de stêd Philadelphia de freed nei Thanksgiving Black Friday fanwegen de grutte ferkeersdrokte. (In oare teory is dat de winkels foar it earst yn ‘e ‘swarte sifers’ komme, sis mar winst meitsje… Der sitte mear ferhalen efter it ûnstean fan Black Friday, sjoch op Wikipedia)

Op Black Friday ha de measte minsken frij. It is it begjin fan it ynkeapjen foar de Kryst, en ha de winkels spesjale oanbiedingen. Der binne winkels dy’t  moarns al om trije oere iepen gean, en stiet ‘r al in hiele rige foar de doar om hun slach te slaan.

No sa mâl giet it hjir noch net, mar do komst der net ûnderút, troch de krante, radio en televyzje wurdst de hiele wike op de gekte fan it Amearikaanske Black Friday traktjearre… Slaan dyn slach…

Lit my dy freedtemiddeis mar efkes nei Snits gean… Op Swarte Freed wol ik ek yn styl en ha ‘k swarte klean oan dien. Ik ha in pear swarte skuon nedich en dan kinst dy koarting dochs net rinne litte… Ik wit duvels goed dat nei Sinteklaas de ‘Sale’ begjint en datst noch folle mear koarting krijst… Mar dan kin it ek sa wêze dat se útferkocht binne as dat dyn mjitte der net mear is…

Yn ‘e stêd binne de ruten fan guon winkels tichtplakt mei swarte oanplakbiljetten mei wite en reade tekst fan Black Friday en Black Weekend. It is drok yn ’e stêd en winkels, de oanbiedingen laitsje dy oan, en rint de koarting op ast mear dan ien artikel keapest…! Ja, de winkels wolle sa stadichoan ek wol fan hun hannel ôf, want der binne guon dy’t de foarjiers kolleksje al wer hingjen ha… It moat net mâlder wurde, de winter moat noch komme. Hoe dan ek, ik gean op syktocht nei swarte skuon, en as ik se fyn, is myn mjitte der net mear, mar lokkich hat in filiaal se noch. Fierder lit ik my net ferliede om dingen te keapjen, wêr’t ik de kast noch fol fan ha…

Moandeitemoarn lês ik yn de LC, dat op Swarte Freed de pinbetellingen goed wiene foar sa’n 475 miljoen euro oan omset. Dat it 12 persint mear wie as ferline jier. Der waard 19 miljoen kear mei de pinpas ôfrekkene. Fia IDEAL leverden 3,5 miljoen online betellingen 275 euro oan omset op. Der binne wer de nedige records ferbrutsen op Swarte Freed.

Dat it foar guon no mar net in Reade Freed wurden is…

Mariet Swart