De grap …..

11 juni 2019

in Overig nieuws

De grap yn in smel strjitsje fan de Bûterhoeke fan âld Heech.

Sa’n 25 jier jier lyn, sieten yn dat strjitsje twa minsken op leeftyd yn skimerjûn nei har televyzje programma te sjen. Mei de rêch nei de ruten yn harren keamer. En de tv stie yn dy hoeke dat in oar it byld op strjitte ek sjen koe. Der wie ek in jonkje yn dat strjitsje, ien fan de buorlju op it hoekje, dy hie stikem wille, mar werom?

Der wie by dy minsken wat frjemds bard, hun televyzje gie sa mar op in oare stjoeder. Doe seagen dy elkoar oan, fan wat bard hjir, wêrop de ien sei, wat dochst no? Mar dy sei ik ha neat dien, hoe kin dat no? ik begryp it ek net. Se diene de tv wer op harren leafste stjoeder en pakten de tried wer op, mar nei in lyts skoftke floepte hy wer op in oare stjoeder, dy twa seagen elkoar wer ferheard oan.

Werom hie dat jonkje san wille? Hy hie de ôfstânbetsjinner fan harren thús, en dermei kaam hy efkes by de buorlju foar it rút, en hie sa de tv sjenners foar it lapke. Hie by harren de tv yn in oare hoeke fan de keamer stien, of de gerdinen wiene ticht west, dan wie dizze grap net mogelijk west. Hoe dy tv sjenners der achterkaam binne dat it jonkje dat die, ik wit it net. Yn de Bûterhoeke waard oer dizze moaie grap praat. As âld bewenner fan de Bûterhoeke kaam by my dizze grap wer boppe.

F.K.