Koffer siket reisgenoat…

11 juni 2019

in Ingezonden mededeling

21 jier mei my de hiele wrâld oer west, en lyk as ik hat ‘r ek hiel wat opdonders krigen. Mar myn Samsonite liet my noait sitte, hiel wat skrampkes riker, mar net stikken te krijen. En op ‘e fleanfjilden kaam er, somtiden as lêste, dochs altyd wer boppe wetter.

Myn koffer trochstiet it âlder wurden better as ik. Op reis troch Sina kaam ik my sels tsjin. Om’t wy ús dêr per hegesnelheidstreinen ferpleatsten, wie it in gesleep op dy mega  treinstasjons, faaks grutter as Skiphol, en wie ik der klear mei… In koffer op twa tsjillen is net echt stabyl, en hoewol’t ik mar 15 kilo mei tôgje (de koffer mar heal fol!), protestearren myn skouders. Myn beslút stie fêst, dizze koffer makket syn lêste reis mei my… Ik moat op syk nei in koffer op 4 tsjillen, om noch wat jierren reizgje te kinnen en sûnder yn ‘e knûkels thús te kommen. It docht my wol sear myn maatsje oan kant te setten, mar miskien is der in diehard dy’t it aventoer oan doart mei dizze Samsonite…

Kinst ‘m foar neat krije !

Ôfmijtting ca. 67x 50 x 20 cm.

Mariet Swart