It nije libben fan Petra Possel yn Fryslan

9 juli 2019

in Verhalen

Inkele jierren ferlyn hat yn ‘e Sylboade in artikel stien oer de ras-Amsterdammer en kranteman Ton van Dijk dy’t nei Fryslân ferhúze omt er skjin syn nocht hie fan it gekmeitsjende grutte stêdslibben. Hy skreau der in prachtich boek oer. ‘Libje as God yn Fryslân’. Begjin dit jier is der opnij in soartgelyk boek útkaam, diskear fan mediafrou Petra Possel. Petra kriget ek har nocht fan de ivige drokte yn it westen, ferhúzet nei it plakje Gaast ûnder Makkum en skriuwt der in boek oer:‘De stêd út!’ In  hearlik ferslach fan har ûnderfinings, earnst en humor, fan alles wat, yn goed fyftich stikjes.

Petra Possel moat foar har wurk ôf en ta noch wol in pear dagen yn Amsterdam wêze. Dan is se bliid as se wer oer de Ôfslútdyk werom rydt nei har wenninkje oan it Iselmar. Yn it begjin is se optein oer it hûske. It sjocht der yn dy simmer ek sa idealistysk út. Se keapet it noch foardat se de priis heart. Mar it wurdt hjerst en winter en dan komme de mankeminten oan it ljocht. It dak lekt. Yn ‘e keuken siicht it. Der stiet wetter yn ‘e kelder. “Lûk mar in blik Poalen iepen”, seit in frou, “dan is ’t sa klear”. Possel wurdt mislik fan sa’n opmerking. Se freget Klaas en Douwe en Harmen, manlju út Gaast,  faklju. En goed foar de ynburgering. As se foar in pear nachten nei de stêd giet en it doarp útrydt draait se it raamke nei ûnderen en stekt har hân omheech nei de doarpsâldsten. Dy sitte dan al yn harren túnstuollen oan ’e kofje. De manlju stekke de hân ek omheech.

Petra fertelt fan har earste doarpsfeest yn in tinte oan de râne fan Gaast. Bûten wurdt fuotballe, binnen is der bingo en der is ek in barbeque. Se keapet in blêd fol glêzen bier om rûn te dielen. Soks helpt. Der wurde ek lotten ferkocht foar it Sinteklaasfeest. In skofke letter kriget Petra de priis thús: twa grutte flessen wyn út de supermarkt. Har heit komt op besite. Se sitte noflik op it bankje oan de dyk. “Is mijn dochter al ingeburgerd?” freget heit oan ‘e buorfrou. Hja andert: “Ik haw it stikje mei har foto út de televyzjegids útknipt en op myn kuolkast plakt.”

Elke tongersdeijûn komt de grienteboer lâns mei syn wein. Hy is sawat sântich. Hy wenne by syn mem yn mar hja is okkerdeis overleden. Yn it doarp wenje minsken dy’t him no ôf en ta in bakje iten meijaan. Hy nimt it graach oan. Petra keapet apels en koal en sa by him. Hja biedt him soms kofje oan. Dêr bedankt hy foar. Te drok. Yn Amsterdam hat hja jierrenlang gjin stap mear yn tsjerke set. Yn Gaast stiet de tsjerke midden yn ‘t doarp. No sit se soms op snein op de houten tsjerkebank, lústert nei de dominy en sjocht de rôle Kingpipermunt foarby kommen. Der sitte noch hwat minsken, meast âlderein. De measten knikke efkes nei har.

Tusken har wurksumheden yn Amsterdam troch besiket se stêd en plattelân yn ‘e  provinsje. Sa wol se de âlde fjoertoerwachter by Workum sprekke. De man hat in lang burd, in breidene mûtse op en in piip yn syn rimpeliche kop. It giet net troch. Se doart net. Hja siket Doede Bleeker op yn Starum en kuiert mei him troch it fiskersplak. Yn Snits stapt se by de Weduwe Joustra nei binnen. Dêr makket se in praatsje mei Heleen, achter-achter-achter-pakesisser fan Boomsma-Beerenburg. Op in donkere jûn is se yn Burgwerd. Dêr heart se tusken it folk de stim fan de dichter Tsjêbbe Hettinga. ‘O jongen, lytse jongen, rop my werom’. En dan, hoe is ’t yn ‘e wrâld mooglik, hja kriget ferkering, mei in man, út Amsterdam noch wol! En is it no ôfrûn mei Gaast en mei alles wêr’t hja  ûnderwilens sa fereale op is? Lokkicherwize net. De man blykt net allinne fan Petra te hâlden mar ek fan Fryslân!

Mei ik ta beslút in rie jaen? Foar 17,50 euro keapje jo it boek ‘De stad uit!’ fan Petra Possel (útjouwerij Podium, 160 bledsiden paperback), nim in Beerenburg en jo hoege  gjin stap mear bûten Fryslân om op fekânsje te gean.  

Symon van der Meer

’t Eilân 17