Einepykje ferjitten…?

17 september 2019

in Verhalen

By myn fûgeldrinkbak is it altyd in gean en kommen fan ferskate fûgels, der wurdt ek hiel wat yn ôfbaaid. Myn âlde reade kat leit op 2 meter ôfstân en hat gjin striid om in fûgel te pakken. Op in moarn strykt der samar in grutte fûgel, in ein, del by de drinkbak, se stapt der yn en poedelt har wat. Mar dan komt myn kat yn aksje, se wurdt foartjage.

Dit is myn terratorium en bin ik baas oer wa’t hjir wolkom is. Mar de ein komt werom en stapt wat yn myn tún om, drinkt en poedelt har wat en as tank leit se in keutel op myn terras. Dêr bin ik net bliid mei, en skep it yn ’e tún, goede dong foar myn flinterstrúk. Wat siket dy ein hjir, ik hâldt it bist wat yn ‘e gaten en sjoch dat se ûnder in strúk bedarret en kom der efter dat se dêr in nêst hat.

Der húsmanje hiel wat bisten by ús op de Spinnekop, in knyn, hinnen, hûnen, mar de katten ha de oerhân, en út dy hoeke komt it gefaar, it binne rôvers. Nee, net foar de lekkere bek, mar foar de heb… Hoe sil dit ôfrinne. Moarns krijt de ein altyd in moarnsbrochje (wjekke bôle) op it nêst, se fynt it wol goed, se blaast net iens. Op in moarn fernim ik oan de ein dat de aaien hast útkomme. Ik moat nei de kaaksjirurch yn Snits en wol myn kat yn ‘e hûs op slute, mar de kat wol net wat ik wol. Nee, in kat lústert net nei syn personiel… Ik hoopje mar dat der gjin einepykje tusken de kaken fan myn kat bedarret…

As ik letter thús kom is de ein fuort, mar der lizze noch 2 aaien yn it nêst, wat is der bard… Ik sjoch ris by de sleat, mar gjin ein mei pykjes te sjen. Ik ha de hiele middei yn ‘e tún sitten te lêzen, en neat fernommen by it nêst. Mar as ik letter lâns it nêst rin, hear ik ynienen piipjen, en skarrelt dêr in giel einepykje om… Ik pak it op, wat moat ik dermei oan, en gean nei myn buorren om rie, Marcel tinkt dat it pykje miskien wol by de hinnen fan Marije en Roberto kin. Liket my net goed ta, en Marian hat ek gjin tiid om op it pykje te passen en om it pykje dan mar by de knyn yn ’t hok te setten is ek gjin opsje. Miskien wit Michelle wat we dermei oan moatte, sy is op ’t lêst fan de bisten, mar se is net thús. Dus set ik it einepykje mar yn ‘e sleat, der swimme wat jerkes (mantsje einen), mar dy tale der net nei. It einepykje swimt rap alle kanten út en hooplik kin er syn mem fine. As ik letter nochris by it wetter sjoch is der gjin ein te sjen. De 2 aaien yn it nêst brek ik iepen, der sitte noch gjin pykjes yn, mar kinst wol oer de nekke gean fan de stank.

In pear dagen letter sjoch ik de ein mei 4 pykjes, 3 donkere en ien lytser giel pykje, ús lytse diehard hat syn mem fûn! As ik de ein 2 dagen letter wer sjoch, binne der al 2 pykjes fuort, mar ús lytse diehard is der noch! Der giet wol in wike oerhinne foardat de ein har wer sjen lit, ik wie der al fan út gien dat de pykjes al opfretten binne, mar se hat de 2 pykjes noch by har. Ik krij se net op ‘e foto, de pykjes stowe alle kante op, de mem hat hâlden en kearen om de pykjes yn ’t each te hâlden, gjin wûnder dat binnen de koartste kearen de pykjes in miel foar oaren binne. En dan krij ik in mailtsje, ja, de hiele buert hâldt him dwaande mei ‘ús buertein’, de ein hat noch mar ien pykje, it is it donkere, ús lytse diehard is der net mear…

As ik de ein in pear dagen letter wer sjoch is se allinne…

Mariet Swart

Binne de einen ûnrêstich,

dan is der stoarm opkomst.