Efkes werom yn de tiid, nei 1825

25 november 2019

in Verhalen

It bûtewetter streamde doe sterk út it súden wei tsjin de noardweste wyn yn, dat wie net gewoan. Der wie troch de stoarm in seedyk trochbrutsen fan de Súdersee yn 1825. Dat wisten de ynwenners hjir net. Want der wie doe gjin telefoan noch radio. It wetter kaam al mar heger, dan tink je wol wat soe der oan de hân wêze. De polders rûnen fol, it kaam yn húzen en buorkerijen yn de polders. Lokkich wie it âlde Heech fan doe wol heech en bleau it hjir droech, mar it wie spannend, it wetter kaam dy nacht tot in meter boppe winterpeil.

Yn Wâldsein kaam it wetter 9 palm, dat wie 90 sintimeter, tsjin de leechste húzen oan. Yn de omkriten wiene de needflaggen út stutsen, en de minsken, hiele famyljes flechten nei Heech, ek út Wâldsein. De bisten waarden nei hegere plakken brocht selfs yn tsjerken. Der kamen hjir 60 famyljes, meielkoar 287 minsken lyts en grut, dy waarden opnommen troch de dumny en de Heechemers. Twa dagen letter wie it pompwetter ek troch it seewetter oantaest, de kij moasten ek dat sâlte wetter drinke. De fisken út de marren giene allegearre dea. Dit wie de selde stoarm en oerstreaming wer‘t Hylke Speerstra syn boek de Oerpolder oer skreaun hat. Dat spyle him ôf yn it Heidenskip, mar dit barde doe hjir.

Dit wie de fjirde en lêste oerstreaming fan út de Súdersee, de earste wie yn 1418, doe yn 1562, en 1570. It is lokkich in stik feiliger mei dat de Ofslútdyk der kaem, de Sudersee is no Iselmar, en it wetter is ek net mear sâlt. Jo moate der net oantinke as soks wer barre soe, der wenje no sa folle mear minsken achter de dyken, de ramp soe net te oersjen wêze. Ynformaasje fân dit skriuwen komt ek út de map persoanen en ferhalen fân Heegemers, fân ‘Heeg fân Âlds’.

F.K.                     

(Het dorp Heeg, heeft ook veel geleden bij den watervloed van februari 1825. Tot aller bevreemding ontwaarde men hier dat, in weerwil van den hevigen noordwestenwind, een zeer sterke stroom van den zuidkant af van het Slootermeer liep, deze nam hand over hand toe, zoodat in den avond van den 5 en den volgenden nacht, alle de polders in den omtrek onder water stonden; een aantal landlieden moest met hunne huisgezinnen en vee de vlugt nemen, en zelfs onder het dorp werden vele beesten uit de stallen op de hoogten gebragt. Acht en zestig gezinnen, uit twee honderd zeven en zestig zielen bestaande, werden te Heeg in de pastorij opgenomen, en bij de dorpsbewoners verzorgd, gespijzigd, en van het noodige voorzien.)