Ut myn Corona deiboek…

14 mei 2020

in Verhalen

Woansdei 8 april

Ier en betiid…

Moarns om 04.30 rint myn wekker ôf, nee, ik hoech nergens hinne, mar der is wer in bysûnder natuer ferskynsel oan it firmamint te sjen… de Supermoanne. As der wat bysûnders waartenimmen falt oangeande stjerren of planeten, dan wol ik dat as it heal kin ek sjen. Dizze Supermoanne is krekt like grut as oars, mar yn syn elliptyske baan om de ierde stiet ‘r no hiel tichtby, liket ‘r grutter en jout ‘r folle mear ljocht as oars.

Om 04.35 oere stiet ‘r op 363.595 km fan ‘e ierde, de koartste ôfstân dit jier en krekt dat momint wol ik sjen. Fanút it iepen sliepkeamerrút, kâld is it net, genietsje ik wol in heal oere fan ‘e stilte en ha ik troch it fûle ljocht goed sicht om my hinne. Der rint in swarte kat oer de strjitte en sjoch ik dat it dy lytse duvel is dy’t sa goed fiskje kin… Ik wit net oft it op noch mear ûnheil wiist, Supermoanne en in swarte kat… it coronafirus bringt ús al genoch ûnheil. Ik dûk myn nêst wer yn om noch in pear oerkes te sliepen.

Fêste prik…

As ik om goed 8 oere wekker wurd en de radio oanset, hear ik de kollum fan Eelke Lok wêryn’t  hy galle spuit oer Jort Kelder fanwegen de corona útspraken. Ja, Eelke dondert der altyd fûl yn yn syn kollums, ik mei him wol hearre. It is tiid om fan bêd te gean, nee, ik bin net in betide fûgel. As pensionado kinst meastentiids dyn eigen dwaan en litte bepale, en foaral no’t wy oplein wurde om thús te bliuwen. Drink 2 glêzen wetter en yt in banaan, meitsje myn superfood moarnsiten, brei fan sûpe mei hjouwermout, chiasied en cranberries, en strui foer foar myn gefleugelde freonen dy’t allang it heechste liet sjonge.

Set de televyzje oan, en doch mei oan Fryslân Fit fan Omrop Fryslân. No’t ik net mear nei de sportskoalle kin, heart dit by myn deistich ritme. Helje dan de LC fan ‘e matte en sjoch earst wat Bourren Twa by ‘t ein ha. Yt myn board superfood en lês ûnderwilens yn grutte linen de krante. Sjek myn mail en stjoer wat appkes nei dizze en jinge mei in natuerfoto of filmke en winskje se in moaie dei, ja, we bliuwe wol posityf…

Himmelje…

Myn garage flier sjocht er net út en kin wol in himmelbeurt brûke. Ryd myn auto nei bûten en set al it oare wat op ’e flier stiet ek bûten. Soal in amer wetter mei chloor oer de flier en lit it skoft ynwurkje, ûnderwilens kin ik moai bûten myn fytsen poetse. Hâld even pypskoft en drink in bakje kofje en pak de krante der wer ris by. Skrobje de flier en ha ‘k in wol even wurk om al it chloorwetter wer op te dweiljen. Mar it hat fertuten dien super skjin en it rûkt hearlik fris. Ik ha it swit op ‘e kop en bin no sels wol oan bar. As ik yn ’e dûs yn ‘e  spegel sjoch, fyn ik dat myn hier ek wol in knipbeurt ha kin. Ik pak de skjirre en fyktje der hjir en dêr wat ôf. Ik doch dit sûnt myn kapper dea is al jierren. Op strjitte yn Snits waard ik ‘s oansprutsen troch in frou, dy’t my frege, ‘nei hokker kapper gean jo’, ik, ‘ik knip mysels’, sy, ‘it sit moai en net sa kapperseftich’… Der giet wol ’s wat mis, mar hawar it hier groeit ommers wol wer oan.

Lanterfanterje…

Yt in pear stikjes bôle en drink in glês sûpe en beslút dan om in rûntsje te fytsen. Troch it moaie waar falt ‘r in soad te genietsjen en stap ik geregeldwei fan ‘e fyts om foto’s te meitsjen fan al wat der bloeit. Ik bin eins in gefaar op ‘e fyts, want ik sjoch alle kanten út útsein rjochtút en giet it somtiden mar krekt goed… De bjirmen binne giel fan raapsied- en hynsteblommen, en ek pinksterblommen stean folop yn bloei. Yn ‘e sleatten swimme einen mei pykjes, yn ‘e sleatskant in reager dy’t wachtet om ta te slaan, ja, sa’n pykje is wol in lekker miel… Dan falt myn each op wat wyts yn in pôle reid, en sjoch ik dat dêr in swan sit te brieden.

Yn Snits betink ik my dat ik eins wol even in iisko by Min12 helje kin, myn favoryt yoghurt iis mei boskfruchten, dêr stiet in hiel lange rigele foar de doar en dus fyts ik troch. Thús set ik kofje en jou my del yn myn eigen paradyske om in bytsje te deidreamen. De prunus Amanogawa stiet yn bloei en rûkt hearlik, yn ‘e walsteinia komme de earste giele blomkes foar ’t ljocht. Hjir en dêr bloeit in hynsteblom, dat is wol ûnkrûd, mar skynt goed foar de huningbij te wêzen en meie der in pear stean bliuwe. Sjoch in lyts blau flinterke fleanen, ha ‘k nog nea yn myn tún sjoen. Op Google sjoch ik dat it in Boomblauwtje wêze moat. Sa no en dan baait ‘r in fûgel yn ‘e drinkbak en ien moskje doart hiel tichtby my te komme, se pikt my noch krekt net yn ‘e teannen…

Koaitsje…

Net myn hobby, mar ik meitsje der gjin potsje fan en koaitsje alle dagen farsk iten. Skyl en koaitsje 2 ierpels, snij spitskoal en in sipel en roerbak dit yn sinneblomoalje en bak in fega-grienteburger derby. As neigesetsje meitsje ik ‘Arroz con leche’, Meksikaanse rizenbrij, ‘treastfoer’ sa ‘t Klaas Kasma it resept yn de LC neamt. Hy hat it makke foar syn gesin om se in bytsje te bedjerren yn dizze coronatiden. It lake my ek wol oan en net te folle útwrykse yngrediënten. Ik tink dat wy ‘Djipfriezen’ dit ek wol lekker fine, miskien net sa sûn kwa kaloriën, mar do meist dysels bêst sa no en dan in bytsje bedjerre…

Ûnderoan stiet it resept. Agnes is altyd fan de sûne resepten yn ’e Sylboade, en ek op ‘e redaksje gearkomsten (meastal by Agnes) traktearret se ús altyd op eigen bakt lekkers foar by de kofje of tee. Dat misse we no wol, om’t we no fia Skype ús gearkomsten ha.

Jûns…

Ik pak myn 1269 siden dikke boek ‘It achtste libben’ fan de Georgische skriuwster Nino Haratischwili. In roman oer 8 libbens fan in 6 generaasjes  tellende Georgische famylje. Wêryn de dramatyske skiednis fan de famylje mei irony en humor ferteld wurdt yn de  periode fan opkomst en delgong fan de Sovjet-Unie. Tusken troch folgje ik it nijs fan 8 en 10 oere en Op1. Ik bin sa stadichoan wol klear mei it coronanijs, lis der net wekker fan, mar foar guon pakt it wol hiel dramatysk út en dêr ha ik mei te dwaan.

It rint tsjin tolven en gean ik op bêd, en moarn… rint de wekker net ôf…

‘Arroz con leche’ (foar 4 persoanen)

200 gram kokke rys – 30 gram bûter – 5 desiliter folle molke – 70 gram sûker –

1 aai – 1 pûdsje fanyljesûker -1 desiliter rjemme – 50 gram rezynen – 1 tl kaniel

Wjekje de rezynen yn wetter. Kokje de molke mei de bûter, de sûker en de kokke rys.

Lit it 20 minuten sêftsjes kokje, wol sa no en dan omriede.

Klopje in aai yn in kom los mei de fanyljesûker, rjemme en kaniel.

Rier dit dan allegearre troch de massa, en doch de wjekke rezynen deryn.

Kinst it waarm of kâld ite.

Mariet Swart

Oproep. Welke Hegemer schrijft ook een dag uit haar/zijn Coronadagboek?

Nu er veel activiteiten stil staan, kunnen we wel wat kopij gebruiken van jullie

als dorpsgenoten, zodat we vulling hebben voor de juni Sylboade.