Hoe dan ek, it libben giet troch…

18 juni 2020

in Verhalen

Op Keningsdei krij ik in appke fan Lida, se wol in rûntsje fytse en dan by my in bakje kofje drinke. Ik app werom, ‘de oranje tompoes stiet klear en de flagge wappert.’ Buorman Marcel hat fan ‘e moarn de flaggestokhâlder by my oan ‘e muorre skroefd ûnder tasicht fan syn dochter Iza mei har knyn, se hat ‘m oan ‘e riem, mei soks fan ‘e bistepartij… De flagge kin tenei ophongen wurde sa’t it heart, net oan ‘e reinpipe of tusken it rút fêst knypt. Wie eins fan plan om fan ‘e middei sels  te fytsen, mar bliuw dus thús. It is moai waar en yn myn grutte tún kinne we maklik oardel meter ôfstân hâlde en in bakje dwaan. Kin jûns noch wol even fan ‘e pôle om in slach troch Heech te rinnen.

Nei wiken fan moai waar datst fytse koest of hearlik wat lanterfanterje yn ‘e tún, ha de waargoaden de kommende tiid wat oars foar ús yn petto, rein en oan ‘e kâlde kant. Dus kin ik no yn ‘e hûs wer wat dwaan. Earst mar ris in seame yn myn Hollanske flagge naaie. Ik hie der in stik ôfknipt om’t er oars yn in strûk fertize rekke, en ik net de strûk opofferje woe foar de pear kear dat ik de flagge úthingje. Op Keningsdei in flagge mei raffels úthingje moat kinne, mar mei de Deadebetinking op 4 maaie kin dit fansels net.

Kees hie my skille oer foto’s fan eartiids dy’t ik misskien wol ha soe. Gean nei de souder en spit yn doazen mei foto’s en dan bist wol even ûnder de pannen, en komme der wer moaie oantinkens fan eartiids boppe. Foto’s fan de tiid dat Durk by de Nekem yn Snits op in telekraan siet. In foto mei wat rûch útsjende laitsjende langhierige mannen, in wyldwest periode yn ús libben… Fakânsje foto’s wat oanlieding jout om reisfreondinne Henny te skiljen. Se sit yn in fersoargingshûs opsluten en bliuwt it no by telefoantsjes, ynsté fan fytstochtsjes nei Boalsert en even oanstekke om in bakje. Wat gie it betiiden mâl en bryk op ús wrâldreisen, nee, we wiene foar de duvel net benaud…

Kom op souder ek noch in âlde laptop tsjin en wurdt it wol ris tiid om dat ding fuort te dwaan. Mar dan moatst fansels wol it ‘klopjend hert’  der úthelje en stikken meitsje, want it skynt dat der guon binne dy’t dan noch wol witte hoe’t se dingen boppe wetter krije kinne. It falt net ta om de laptop iepen te krijen, mar mei in hammer en in skroevedraaier rêd ik it op. Sa kom ik mear dingen tsjin dy’t al jierren op souder lizze wêr’st neat mei dochst. Bin net fan plan om oeren yn ‘e rige by it stoart te wachtsjen en giet alles yn ‘e kontener, wat der net yn past seagje of snij ik stikken.

Fanút de Bewennersferiening fan Talma State hie ik betocht dat in blomke op Befrijingsdei foar alle Talmanezen wol moai wêze soe. Ik kin gjin aktiviteiten mear organisearje, ha al 2 koaren annulearje moatten, en tink dat dit foarearst ek net wer kin, de tiid sil it leare. Dus dan sa no en dan mar wat troch de doar skowe. Mei Peaske in pûdsje peasaaikes en no mar in blomke. Samar klear fia appkes mei Antje soe de Coop de blomkes dêr bringe. Mar der moast wol in kaartsje by, en meitsje ik op ‘e laptop in Hollânske flagge mei dêryn de tekst ’75 jaar vrij’, dat is wol in bytsje konfrontearjend om’t se opsluten sitte en allinne mar yn ‘e hinneloop bûten kuierje kinne… Lit it ôfdrukke by de Jong, goai it yn de ‘postamer’ by Talma en skilje Leo om it dêr rûn te bringen. Ik wit wol it kin allegearre fia internet en sûnder dat ik bûten kom wol regele wurde, mar ik wol ek wol ris fan ‘e pôle ôf. Sa no en dan ha ’k kontakt mei Leo om in bytsje op ‘e hichte te bliuwen. De bewenners binne sa stadichoan hieledal klear mei de gong fan saken omtrint it opsluten en de besikers regeling!

It wurdt tiid dat myn auto wer ris fan stâl komt, as er lang stil stiet rekket de akku leech.

De elektroanika fret de akku leech, in gruttere past der net yn en hat myn garage in akkulader ûnder de motorkap pleatst. As ik nei in pear wike fakânsje wer thús kaam, moast earst de stekker wer yn ’t stopkontakt en like it krekt as hie ik in elektryske auto.

Mar de boel moat ek net fêst roastkje en ryd ik dizze snein nei Harns. Mei dêr altyd graach op ‘e suderpier kuierje en de sâltige rook opsnuve. Sit in skoft by de walfisk op in bankje, ik fyn it in pracht fisk. It is stil op it Waed útsein in fearboat dy’t de haven yn of út fart. De skippen fan ‘e brune float lizze allegearre oan ‘e wâl. Ik kin hjir oeren fan it niks en de kriezjende mokken genietsje. Sjoch even by de Wylde Swan fan Makkum, krekt wer in wike thús, de bemanning is drok oan ’t reparearjen. Wat ha dy skoalbern in bysûndere tocht meimakke! Rin de stêd even yn, it liket hjir ek wol in ghost town, tapaslik nûmer fan de Stones, hearst it eltse dei op Omrop Fryslân radio.

Kinst by de horeka wol in flaubyt en drinken krije, mar moatst it earne oars op ‘e stoepe of in bankje op ite. Mar ast pisje moatst dan hast in probleem want de wc’s binne ticht. Wer op hûs oan gean ik by Surch de mist yn, fanwegen oanlis wynmolepark yn it Iselmar is de ôfslach nei de A7 rjochting Snits ôfsluten. Moatst fia Surch en dat hie ik net sjoen en belânje op ‘e Ofslútdyk, hawar ik kin wol keare by Koarnwertersân.

Sit wer in wike thús opsluten, túnman Hoekstra hie ‘k frege om myn struken mar ris saakkundich (doch it oars altyd sels) te snoeien, en skilder Lútzen ha ‘k in wike om ‘e doar. Om’t it kâld is kinne we net bûten kofje drinke, en ha ’k noch nea sa faak myn doarkrukken skjin meitje moatten. Dus thús bliuwe… mar hawar kin ik moai wat klean in update jaan, ha eartiids ek faak jurken en fan it selde patroan tig mini rokjes naaid. Ek mar in mûlkapke makke, kin ik aanst wer ris mei de trein nei in museum.

Lokkich is it sneins moai waar en kin ik wol te fytsen. Dizze simmer wol ik alle doarpen yn de gemeente Súdwest-Fryslân op ‘e fyts besykje. Earst mar ris oer it Brekkenpaad nei Warkum. Foar’t it dêr middeis drok wurdt stap ik nei de kofje op ‘e fyts. De measte minsken sitte dan grif foar de preek en ha ’k alle romte op dat smelle paad. Moaie tocht fan Warkum, nei Ferwâlde en Gaast, dêr boppe op ‘e dyk in stikje bôle ite mei sicht op it Iselmar. Fia Parregea, Dedgum, Arkum, Blauhûs, de Kat (de dyk leit der hjir út en moatst troch it sân) en Aldegea nei Heech. Thús trakearje ik my op in sneinsmiel, asperges, en in neigesetsje wat ik jûns derfoar al makke hie, Sûpepudding… Yn ‘e LC stie wer in maklik resept fan in neisgesetsje fan Klaas Kasma, wat my wol oanlake. Lekker!!!

Woansdei foar Himelfeartsdei jout waarman Piet foar it noardwestlik part fan Fryslân de meast sinne en fyts ik fia Abbegea nei Boalsert. As ik by it fiadukt oer de A7 by Skettens op ’e kaart sjoch stoppet ‘r in auto neist my; ‘kin ik helpe’ seit de frou, ik fertel har wat myn doel is en dat ik earst nei Longerhou en dan fia Skraard en Wûns nei Makkum wol. ‘Dan moatst yn Skraard even nei it haventsje fytse en dêr trefst miskien Siebren wol en die kin dy wol it ien en oare fertelle en dan krijst miskien ek wol kofje fan him.’ Sykje yn Skraard it haventsje efter de tsjerke op, yt dêr op in bankje myn krintebol en in par op, mar gjin Siebren te bekennen. Hear in kat miaukjen, sjoch oan ‘e oare kant fan it muorke in kat op it tsjerkhôf, miskien siket er om Siebren. De kat komt nei my ta, mar wat ik oars altyd doch, in aai oer de kop, lit ik no fanwegen corona.

Fyts fierder nei Wûns en Koarnwert (foto), yn ‘e feart neist de dyk nei Makkum tilt it op fan de Skiere guozzen mei in protte pykjes. Yn Makkum yt ik kibbeling en in mermaid iisko, in tapaslik miel hjir, en hoech ik jûns net te koaitsjen… Fyts nei Piaam en fia Skuzum, Allingawier, Eksmoarra, Boalsert, Nijlân, Folsgeare, Easthim nei Heech. In moaie deitocht en al fytst allinne, hast altyd wol bysûndere moetingen, al is ’t soms mar in kat… en kin ik wer in tal doarpen trochstreekje.

Sûpepudding foar 4 persoanen

2 tl gelatine = ca. 6 gram – 2,5 dl rjemme – 100 gr sûker – 1 fanyljestokje – 5 dl sûpe

Gelatine weakje yn 2 el kâld wetter. De rjemme mei de sûker yn in panne, it fanyljestokje troch snije en it murch derút skrabje, stokje en murch yn de rjemme dwaan. Waarmje dit tot de sûker oplost is. De panne fan it fjoer en de gelatine dertroch riere. As it wat ôfkuolle is dan de sûper dertroch en dan alles troch in souwe jitte. Dan yn foarmkes jitte en yn ‘e kuolkast opstiivje litte. Do kinst it servearje mei jam of farske ierdbeien. Ynsté fan it fanyljestokje ha ‘k der 2 pûdsjes fanyljesûker yn mikt, dan hast ek gjin griemerij.

Mariet Swart