Dyn lytse moaie hannen

10 juli 2020

in Verhalen

Dyn lytse moaie hannen  

As lyts famke paktest mei dyn hântsjes
yn it kroljende hier fan dyn heit
do lûktest oant syn earme gesicht fertrok
mar do hâldest fêst oant it bittre ein ta

Doe’st âlder waerdst struts dyn hân
troch de folle bosk hier fan dyn freon
hy sleat  syn eagen en hy hold dat fol
hy hold dat jieren- en jierenlang fol

Noch letter joechen do en dyn freon
inoar plechtich de hân en do seist him
soest him trou bliuwe en hy sei fan tselde
sa seinen jim inoar iviche trou ta

Dyn hân glyt troch it waarme wetter yn ‘e kúp
dyn bêrntsjes spartelje en spetterje dy wiet
do kleist se oan en stjoerst se troch nei dyn man
nei harren heit en setst se by him op ‘e skoat

Ien generaasje fierder en de hân fan dyn bêrn
wurd grutter en slút him om de hân fan in freon
de tiid is safier, de tiid docht him oer
’t is it âlde ferhael fan de mem en it bêrn

Noch ien kear glyt dyn hân troch it wetter
dyn beppesizzers spartelje no yn ‘e kúp
do droechest se ôf en rinst  ermei nei dyn man
harren pake hat dan alle tiid fan ‘e wrâld

No sitte jim tegearre op de rânne fan ‘e bank
dyn hân leit sêftsjes op syn knibbel dy ’t knikt
hy leit syn hân foarsichtich op die fan dij
do  sjochst en hy sjocht en jim jouwe inoar in tút

Dan leist do hoeden dyn hân boppe op syn krún
ieuen werom siet dêr noch in folle bosk hier
do witst dat dêr no romte is foar omtinken
foar leafde en foar soarch foar inoar

Hy pakt dan dyn lytse dyn moaie hân
en streaket mei omtinken de slanke fingers
en op it lest seit er súnich mar hiel beslist:
se binne moai – ik hie se net graech mist!

Symon van der Meer
it Eilân 17