Eefkes foarstelle………Leo Boermans

10 juli 2020

in Aankondigingen

Bêste ynwenners fan Heech en omkriten. Fia dizze ‘Sylboade’ wol ik mysels oan jimme foarstelle. Myn namme is Leo Boermans en ik bin sûnt foarich jier ferbûn as útfeartfersoarcher by Heslinga & de Vries Utfeartsoarch, jimme faaks wol bekint.

Meindert Heslinga hat oanjûn oan ’e ein fan dit jier in stap werom te dwaan. Dat betsjut dat ik, mei yngong fan takom jier, tegearre mei Eelco de Vries it bedriuw fourtsette sil. Meindert sil dan, tegearre mei ús, nog foar Heech en omkriten beskikber bliuwe as útfeartfersoarcher.

Myn namme is dus Leo Boermans, ik bin 41 jier lyn berne op ’e Jouwer en al sa’n 20 jier wenjende yn Nes (by Akkrum). Ik bin trout mei Sytske en tegearre hawwe we 2 bern, Jesper (13 jier) en Lieke (11 jier). Ik bin sûnt 2012 aktief yn ’e de útfeart en haw sûnt 2015 in eigen útfeartbedriuw, Boermans Uitvaartzorg neamt. Neist it wurk as útfeartfersoarcher, skriuw ik regelmjittich in stik oer dit fak en pleats dit op ús webside en yn ús lokale doarpskrante. Fanôf de folgjende ‘Sylboade’ sil ik dizze columns ek hjir pleatse. Derneist meitsje ik op fersyk libbensferhalen en draach dit dan op in plechtichheid foar. Sa kaam ik ek yn ’e kunde mei Eelco en tegearre hawwe we yn it ferline gearwurking mei inoar socht. En no sille we dit as compagnons dwaan.

Neist it wurk bin ik faaks op it wetter te finen en is de jachthaven fan Heech foar ús in plak der’t we regelmjittich komme. Ek besykje ik graach theaters en spylje sa no en dan ek mei yn in moai stik. Mocht it sa wêze dat jimme persoanlik mei my yn ’e kunde komme wolle, kom dan ris del op de Draei 13 yn Heech (efkes foarôf skilje). De kofje stiet altyd klear. Fansels kin ik ek by jimme thús delkomme; hjirfoar kinne jimme ek in ôfspraak meitsje. We binne berikber op it fertroude nûmer (0515) 85 57 57 as fia de e-mail op email hidden; JavaScript is required