De alde nije Wylster

3 september 2020

in Verhalen

Jieren en jierrenlang lynt kochten ús heit en syn broer
in sierlik boatsje, in tjotter, by in werf yn ‘e buert
nei skoaltiid holpen se mei op ‘e buorkerij
sa skarrelden se it jild foar harren boatsje by inoar

Se joechen it boatsje de namme fan in fûgel – de Wylster
grutsk skilderden se dy namme op de side fan it skip
yn de jûntiid sylden se troch de fearten en noch fierder
se sylden yn it wykein mei gemak nei de Snitsermar

Yn letter tiiden krige myn omke oare plannen, hy heake ôf
ús heit waard de skipper, no wie de boat foar him
hy sylde graach mei syn faam – hja waard letter ús mem,
myn broerke en ik, wy faerden as prinsen mei troch it lân

De skipper wie wis fan syn saak, wie boppedat ek noch tûk
soms stapte hy efkes fan board, rûn it lân yn en sjoch
dan kaam er werom en hie stéfêst ien of mear aaien yn ‘e pet
wy wiene grutsk op ús heit en ús mem noch it meast

Der kaamen tiiden dy wienen einliks te dreech foar de boer
it jild wie nedich foar wichticher saaken en de tjotter ferdwûn
wy jonkjes wy fûnen genôch oare spultsjes en fermakken ús wol
mar wy misten ús reiskes mei heit en mem yn ‘e boat

Sûnt de tjotter ferdwûn gie de tiid fierder en fierder foarby
myn broer en ik groeiden op en wy krigen ús eigen gedoch
ús eigen drokte mei alles wat in minske docht en wol
mar by dat alles misten wy de tochtsjes fan wolear

En sjoch, wat seagen ús ferbaesde eagen lêsten oer de mar:
dêr sylde warimpel de Wylster yn folle gloarje foarby
moaier as ea yn ‘e ferve en strakker as ea yn ‘e lak
de Wylster, opnij ûntdutsen en hielendal op syn plak

Ik tink werom oan froeger en oan ús âldershûs
oan farren mei de tjotter en oan silen op de mar
en ik tink: far dan o Wylster, far noch jierren en jierren lang
far oer de sleaten en marren fan it âlde fryske lân

Symon van der Meer,

Tjotter ‘Wylster’, boujier 1926, werf F. Lantinga, Drylst.

1e eigner W.Tj. van der Meer, Útwellingergea.
Tsjintwurdiche eigner Stichting Friese Tjottervloot, Heech