Ballade fan de Sinteklazeboer

29 november 2020

in Verhalen

Yn ’t hertsje fan Hinnaard’radiel De feint, nijsgjirrich as in skries,
stiet earne in boerehûs, dêr’t hiel joech foar de frou har wurd belies
wat jierren lyn op wenne en joech him doe nei sliepen,
in jonge widdo. ’t Wie dêr rom, mar tocht, ear’t him de lea befoel:
in oare stjelp yn ’t wiid rûnom wat is de b’rinne dochs fan doel?
koe amper men bekenne. Dy grutte fraach bleau iepen.
Dy pleats, sa wol in âld ferhaal, De oare moarns foar dage en dei
yn yprenbeammen yl en skraal, wie hy al ûnder ‘e wrine wei
te waaid en heal ferwile, mei ’t doel en lit neat skine.
dêr hat op in desimbermoarn Stil kipe er troch de mulhûsdoar.
him ienkear in hiel ûngewoan mar hoe’t er seach, hy koe gjin spoar
en seldsum stik ôfspile. noch skyn fan klompen fine.
De widdo warber as in bij, Wól stie de widdo nêst de hurd,
berêde sels har buorkerij “Sjoch mar ris goed”, sa wie har wurd,
en hie it slim folhannich. “wat ha ‘k hjir oan myn skonken?”
Se tsjerne en tsize dat it die, De feint besaude en hy begriep:
komselden, redsum as se wie, syn klompen! O, se lake liep
waard har it wurk te bannich. tewyl har eagen blonken.
Dat kaam, se hie in feint yn hier, It duorre net mear mâle lang
in kloeke bodder, sikerwier, doe wie de mole troch de fang
dy wóé, it wie wat wûnders. de feint wie gau besletten.
En sterk…! Hy tilde boppehâns Hy naam syn sinteklaaspresint
op ’t tsiisboerd tagelyk mei glâns mei beide hannen oan en sint
twa, trije tritichpûnders. wie ’t maitiid yn twa herten.
Hy molk en fuorre it jier yn ‘t rûn ’t Wie maitiid doe’t yn kleare taal
en stie faak op ‘e lette jûn twa flaggen op ‘e skuorrenaal
yn ’t fjild noch poer-allinne. ferhellen fan ‘t wjerfarren…
Nachts hat er as in soarchsum feint Noch altyd hâldt de jierren oer
yn ‘t bûthûs mannich kealtsje heind: de namme “Sinteklazeboer”
hy fléách foar syn boerinne oantinken oan dit barren.
Sa libbe it dêr de jiergong lâns Mar as om sinteklazetiid
en bleau it buorkjen yn ‘e blâns, d’ âld biskop oer de dakken riidt
sa koe de frou it rugje. dan kin er ’t foar him krije:
Doe, op in jûn, de dei wie oer, dy feint, dy widdo by de hurd,
hy siet by ’t waarme winterfjoer dan glimket er yn ’t grize burd.
foar har te klompeplugjen, Hy mei ’t ferhaal wol lije.
doe sei boerinne mei in glim,
– der lei wat gutichs yn har stim -: Gedicht: Douwe A. Tamminga,
“’t is tiid fan sinteklaazjen, dichter, prozaskriuwer, en fertaler
ast no dyn klompen hjir ris brochst en aktyf foar de Fryske taal en kultuer.
watst dêr moarnier yn fine mochtst Skriuwer fan toanielstik  ‘De Hogerhuis-
meist nimme as dyn gaazje!” saek’.

 

It gedicht is basearre op in âld folksferhaal, dat spile ha soe op ‘e Sinteklazepleats oan ‘e Boalsertertrekfeart. Ofrûne simmer fytste ik oer dit moaie ferzenpaad tusken Iens en Wommels. Wêr‘t op in boerd dizze ballade stiet en oan ‘e oare kant fan de feart de Sinteklazepleats. En nee, Sinteklaas ha ’k dêr doe net sjoen…

Mariet Swart