In krystblom foar de buorman

11 januari 2021

in Verhalen

Der skarrelje twa skoalbêrn rûn yn de tún fan Talma State. It is foarjier. De fûgels fleane har om de earen. It iene jonkje sleept in skeppe achter him oan. It oare jonkje hat in papieren pûtsje yn ‘e hân. Út en troch stroffelje se oer hun eigen skonken. Witte harren heit en mem dat se hjir omskreppe? Nee, en dat fine de jonkjes ek net nedich. Se kinne harren sels wol rêde. Wat wolle se dan? De jonkjes ha betocht dat se hjir in lyts stikje tún omspitte en dêr wolle se blommesied yn struie. Op skoalle ha se leard hoe‘t je soks oanpakke. De âlde minsken út Talma State fine dat fêst wol moai, tinke se.

It iene jonkje stekt de skeppe yn ‘e grûn mar dat falt him niks ta. It gêrs is taai. Hy komt hast net troch de seadde hinne. “Lit my mar”, seit syn broerke. Hy slagget in bytsje fierder mar in túntsje… nee. Om de beurt skreppe se in skoft yn ‘e grûn om. Se ha in fjûrreade holle fan ’t wrotten. En sjoch – op it lêst is der súver in lyts goatsje yn it gêrs. Se steane der beide boppe te hymjen. “Sa is it wol grut genôch”, beslút de ien. “Ik fyn ’t ek moai genôch”, seit de oare en hellet it pûtsje tefoarskyn. Hy makket it iepen en struit it sied yn de richel. Dan harkje se de grûn der oerhinne. Kreas! Dêr sille dy âlde minsken yn Talma State straks núver fan opsjen…

It is in pear moannen fierder yn ‘t jier. Simmer oeral. Yn de lannen binne de boeren drok oan ’t ûngetiidzjen. Op de Skatting fytst in jongfaam, ûnderweis nei Snits. Hja is de suster fan de twa jonkjes, mar in pear jier âlder. Seis jier lang hat se dit ritsje fan Heech nei it Bogerman College yn Snits makke, hinne en werom. By de diploma-útrikking is se tasprutsen troch de rector. Hy felisitearre har mei har diploma. “hast it net kado krigen. Yn it lêste jier bist slim siik west, mar do hast dy dernei út de naad wurke… Lokwinske!”  Se hat no moai fakânsje, mar dat kin fansels net altyd trochgean. Wit se wat se straks wol? Ja, dat wit se – se wol de medyske kant op. As it kin medisynen studearje. Dan moat se wol nei Grins ta. In oare mooglikheid is om yn ’t sikehûs in oplieding te folgjen. Se hat by ’t Antoniussikehûs informearre. “Graach!” seine se dêr, “kom mar in dei meirinnen, dan kinst sjen wat er mooglik is. ”Se is no ûnderweis. Benijd wat se te hearren en te sjen kriget. Grins of Snits. It sil blike. (Noch eventsjes freegje hoe’t it ôfrûn is mei it blommetúntsje fan de jonkjes. “Net bêst”, seit se, “der is gjin blomke opkaam!” Binne de bêrn teloarstelt? “Welnee, se binne de hiele tún allang fergetten…”.)

De hjerst is oanbrutsen. De rein slacht tsjin de rúten. De heit fan de jonkjes en fan de studinte sit op syn wurkkeamer. Hy sjocht út oer de rûnwei, oer it lân en fierderop oer de puollen, mar feitlik sjocht er niks. Hy hat rimpels yn syn foarholle. Syn hannen typelje oer de laptop hin en wer mar der wol net te foarskyn komme wêr’t er nei siket. Hy is logistyk manager by in transportbedriuw en hy moat soargje dat in omfangryke partij út in East-Europeesk lân yn Fryslân werom komt. Hy fertrout it net. Al in pear dagen mislearret syn besykjen om kontakt te meitsjen. Dit doogt net.

Dan tikket syn frou op de doar. “Ik ha myn boekbesprekking klear”, seit se, “kin ‘k him even oan dy foarlêze?” It skikt him hielendal net mar hy skout syn stoel nei har ta.

Hja is lid fan de lêskrite en oan ‘e beurt om in boek te besprekken. In resint boek – “De geur van hooi” fan Tialda Hoogeveen. It giet oer in menniste boerenfamylje dy ’t yn de rin fan it boek fan Âldboarn nei Wommels ferhuzet. Tialda skriuw har ferhael oan de hân fan in deiboek fan boer Peenstra. It jouwt in moaie beskriuwing fan it boerelibben mei syn persoanlike aspekten, mar ek mei de ekonomyske en tsjerklike en maatskiplike kanten, en se harkje nei it roppen fan de kievit en de grutto. Prachtich! De frou jout de skriuwster in njoggen.

Op dit momint giet de telefoan. De man pakt him op en lústert yn spanning. It is in kollega fan it bedriuw. Hy fertelt dat de party boppe wetter is en ûnderweis nei Fryslân. De man is súver optein! Hy rint nei de kast en komt mei twa glêzen en in flesse werom. “Ik fyn dyn boekbesprekking hiel moai”, seit er tsjin syn frou, “mar ik bin hast noch blider mei dit telefoantsje! Hjir drinke wy op. Tsjoch!”

’t Rint tsjin njoggenen yn de moarntiid. De doar fan Talma State skout iepen. In âldere man stapt nei bûten. Hy is de heit fan de transport-manager en de pake fan de jonkjes en fan de studinte. Hy snúft even de lucht op. Frisse winterlucht. Hy sjocht nei links en nei rjochts en rint dan de kant fan it Eilân op. Eltse moarn makket er in kuier troch it doarp of der omhinne.

Sawn jier lynt binne hy en syn frou fan Noard-Fryslân nei Heech ferhuze. Hy siet dêr yn de direksje fan in technysk ynstitút. Doe’t er dêr klear wie seinen de bêrn;  “Kom hjir dochs hinne te wenjen. Wol sa gesellich”.

Se koene in moai plak krije yn Talma State. It wie yndied gesellich mei de famylje, mar twa jier lyn is syn frou overleden. Dat sette syn libben flink op ‘e kop. Se ha him hiel goed opfongen, harren bern net allinnich mar ek minsken fan de beide tsjerken yn Heech. “Hoe kin soks?” fregen sommige minsken, “fan welke tsjerke binne jo no einliks?” Hy lit se moai tinke. Hy hâldt fan beide tsjerken, fan de âlde sobere Haghatsjerke mar ek fan de roomske tsjerke mei syn rike rituelen en fersiering.

Hy rint no oer it skelpepaadsje fan it Eilân. By it bankje oan it wetter giet er sitten. Dat docht er faak. Simmers is it hjir drok. No, yn ‘e winter, is it er stil. In pear einen skarrelje yn it wetter om. Heech boppe him flucht in  koppel gânsen oer. Noch in pear wiken, dan is ’t kryst. De froulju yn Talma State meitsje der al risselwaesje fan. Geselliche tiid.

De man stiet op en rint it paadsje fierder ôf. Hy moat noch by de winkel lâns om in blomke foar syn buorman te keapje. Dy fiert moarn syn jierdei. Dat sil wol in krystblom wurde.

De skelpen knisperje ûnder syn fuotten. As je ‘t him freegje sit er snie yn ‘e lucht.

Symon van der Meer