Overig nieuws

De trotse winnaars

Met zijn ambachtelijke Ossenworst, gebraden Rollette, het Beerenburg droge worstje “it ielaekje” is slager Harm Wierda uit Heeg met goud bekroond tijdens de elfde Noordelijke Slagers manifestatie onlangs in Zwolle. En ook nog 5x zilver voor 5 verschillende soorten worst. Dat konden we afgelopen maand in de krant lezen. Joh, dat is niet niks. Tijd voor een gesprekje. Nou ja, gesprekJE… Als Harm eenmaal het woord heeft….. Lees het volledige artikel →

pear strjitnammen yn Heech ferbettere yn 2010

De gemeente Wymbritseradiel hat yn it lêst fan syn bestean, nammentlik op 23 novimber 2010, noch in pear strjitnammen yn Heech wizige, sis mar taalkundich ferbettere. Yn de kranten, ûnder oaren De Sylboade, haw ik der nea wat oer lêzen en dêrom skriuw ik der no mar even in stikje oer.

Op 8 septimber 1967 binne yn Wymbritseradiel de earste offisjele strjitnammen fêststeld. By dy riedssitting wie ik oanwêzich; ik hie it gefoel dat dit in histoaryske jûn wurde soe en dat is it wurden ek. Yn Heech krigen alle tritich strjitten in namme.

De stjitnamme-amtner fan doe hie it Frysk net hielendal yn ’e macht en de riedsleden al likemin. Sa koe ’t barre dat der ûngemurken in pear flaters ynslûpt binne.

Oan it ein fan in wurdlid (lettergreep) mei der yn ’t Frysk gjin streepke op de u stean; yn in sletten wurdlid moat dat wol. Foarbyld: hús-huzen, tún-tunen, rút-ruten.

Yn it listke strjitnammen 1967 steane de folgjende taalkundich ferkeard skreaune nammen. Dêrefter folget de yn 2010 ferbettere skriuwwize:

  • Osingahúzen is no Osingahuzen
  • Lytshúzen is no Lytshuzen
  • Súderhaven is no Suderhaven

Nije strjitnammebuordsjes hoege der net te kommen, want op dy buordsjes steane haadletters en haadletters krije offisjeel gjin streepkes of dakjes. De nije nammen hoege allinne mar yn ’e Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) en it BAG oanpast te wurden. Dêr binne sels net iens kosten oan ferbûn. Wa’t de streepkes dochs moai fynt, no dy brûkt se mar. Hy/sy wit no dat it neffens goed gebrûk sa net heart.

Tagelyk mei boppesteande nammen hat men noch in fersin goed makke. By Bûterhoek is yn 1967 de lêste letter, de e, weilitten of weirekke. It sil wol ûnkunde west hawwe. Dy e efteroan in wurd is typysk Frysk. In pear foarbylden: krante (krant), koeke (koek), tûke (tak), flagge (vlag), swipe (zweep), tonge (tong).

Dy e op it ein fan in wurd hat it hjoed-de-dei dreech. Yn tal fan wurden is er al (hast) weiwurden, bygelyks yn alve (elf), pipe (pijp), harpe (harp), fokse (vos). It is goed dat dy e yn Bûterhoeke wer op it buordsje komt te stean. Alhiel terjochte is dat, want yn ’e sprektaal wurdt de e efter Bûterhoeke noch folop brûkt.

  • Bûterhoek is no Bûterhoeke

Yn offisjele stikken fan ’e oerheid, it kadaster, de belestingen, ensfh wurde altyd de offisjeel fêststelde nammen brûkt. Ek yn it telefoanboek is dat it gefal. Altyd mar wer Bûterhoek op ’e brieven: men soe der mâl fan wurde. No is dat foarby. Yn it nijste telefoanboek is de skriuwwize al oanpast, ûntduts ik.

Is it wichtich dizze wizigingen? Ik wit it net, mar it is fansels wol sa dat dy fjouwer oanpaste nammen no foar altyd goed skreaun wurde. Fêst langer as dy 44 jier dat de stavering fan dy nammen net doogde. En fierder? Ja, it is mar krekt hoe’t jo tsjin (jo) taal oansjogge.

Op 21 maaie 1996 is op fersyk fan de bewenners fan ’e Weisleatstrjitte harren strjitnamme ek feroare. Yn 1967 by de earste nammejouwing hie men der Weinsleatstrjitte fan makke. Dy namme joech de nedige betizing. (Mear hjiroer: De Sylboade, febrewaris 1995 en jannewaris 1997)

Heech, febrewaris 2012 Willem O. Santema

Vertraging online Sylboade

1 februari 2012

De artikelen van het januari-februari-nummer van de Sylboade komen wat later dan normaal. In de loop van volgende week zullen ze geplaatst worden. Excuses voor het ongemak.

Lees het volledige artikel →

De grote Prijsvraag!!

7 december 2011

De Sylboade komt al zo’n 30 jaar bij u in de bus. Eerst als een (met alle respect) stencil, maar in de loop der jaren telkens weer vernieuwd tot het prachtige blad, dat het vandaag de dag is. Met daarbij ook een goed functionerende website, waar we enorm trots op zijn. Maar het is weer [...]

Lees het volledige artikel →

De Ark

7 december 2011

Afgelopen maand hebben we de Ark Fryslân bij ons in Heeg op bezoek gehad. De ambitie van de Provincie was, om een verplaatsbare huisvesting te maken, die langs de mensen zou kunnen gaan. Het prijswinnende ontwerp werd een boot‼ Briljant natuurlijk, in Fryslân…..Bij de brug heeft de Ark een maand lang gelegen. Deze Ark is [...]

Lees het volledige artikel →

Kerstviering vrouwenvereniging

7 december 2011

Woensdag 14 december Kerstviering en broodmaaltijd van de gezamenlijke vrouwenverenigingen KVG, Passage en Vrouwencontactgroep. Van harte nodigen we alle leden uit en ook gasten zijn van harte welkom. We beginnen om 18.00 uur in het Heechhûs en de kosten zijn 5 euro p p. Graag aanmelden bij Jelly Plantinga, tel: 443050 voor 7 december    

Lees het volledige artikel →

Stichting VPTZ zuidwest friesland

2 november 2011

Nieuws van de Stichting VPTZ Zuidwest Friesland….. De Stichting Vrijwilligers Palliatieve Terminale Zorg Zuidwest Friesland biedt sinds 1992 hulp en ondersteuning aan mensen in de laatste fase van hun leven.

Lees het volledige artikel →

Brussel here we come

2 november 2011

Op 5 en 6 oktober 2011 organiseert LTO Noord, (Land- en Tuinbouworganisatie) afdeling Vrouw & Bedrijf Fryslân een studiebezoek aan het Europees Parlement te Brussel met als hoogtepunt een ontmoeting met Esther de Lange, in 2011 gekozen tot meest invloedrijke Europarlementariër. 

Lees het volledige artikel →

Oproep Kerst- en Nieuwjaarswensen

2 november 2011

Ook dit jaar willen we in het decembernummer van de Sylboade aandacht schenken aan het kerstgevoel. Vandaar dat we u als lezer van de Sylboade de mogelijkheid bieden een persoonlijke kerstgroet aan te leveren, zodat we die kunnen plaatsen in ons blad. Uiteraard kunt u ook namens uw club, vereniging of bedrijf een groet inzenden. [...]

Lees het volledige artikel →

Gouden Pols

6 juli 2011

Zoals al in het mei-nummer van de Sylboade te lezen was, is de Gouden Pols dit jaar uitgereikt aan Dick Schrama. Hij wist te voorspellen op welke dag het eerste kievietsei van Heeg gevonden zou worden.

Lees het volledige artikel →