Toneelvereniging De Sminkdoaze

De Sminkdoaze

Toanielferiening De Sminkdoaze sil dizze winter wer in stik opfiere:

It blijspul: Blau bloed op besite.
Regy: Gerben Postema
Skriuwer: Vincent van Rijswijk
Oersetter: Abele Krist

It stik spilet sich ôf yn it brune kafee Kom der yn, wêr forskate ûnhueriche typen en stamgasten komme.
De fertsjinwurdiging fan it keninklik hûs siket nei histoarysk en kultureel erfguod, om‘t it doarp 500 jier bestiet.
Kafee Kom der yn is it âldste pãn fan it doarp en soe troch de keninginne besocht wurde kinne.

(Het stuk speelt zich af in het bruine café Kom der yn, waar stamgasten en gure types elkaar treffen. Omdat het café het oudste pand van het dorp is en het dorp 500 jaar bestaat, is de kans groot dat de koningin op visite komt.)

Wy sjogge jimme graach op sneon 27 jannewaris as 3 febrewaris
om 20.00 yn it Heechhûs.
Tagongsprizen €9.00 en o/m 12 jier €5.00

Dit winterskoft spylje wy, ûnder lieding fan Gerben Postema.
Ien fleach oer it koekoeksnêst.

In stik skreaun nei it bekende boek fan Ken Kesey út 1962. It stik spilet him ôf yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting. Under tafersjoch fan twa ferpleechsters en in, sa no en dan, observearjende dokter. Pasjinten bringe dêr de tiid troch elk yn harren eigen wrâld. Alles feroaret mei de komst fan in nije pasjint. Dizze spot mei alle foarskriften en regels, hat it mier oan gesach. Foar de oare pasjinten hat dat ek gefolgen: de regelmaat fan alle dei is fier te sykjen En de sleur wurdt behoarlik trochbrutsen

Oer dit stik falt in hiel soad te fertellen, mar dat dogge we (noch) net….. It is better om it sels te sjen.

Wy sjogge  jimme graach op freed 27 jannewaris as sneon 4 febrewaris.

Tagong: €8,- o/m 12 jier €4,-

Sneon 28 jannewaris spylje wy wer foar de St. Antonius van Padua Parochie.

Alle jûnen giet de seal fan it Heechhûs om 20.00 oere iepen.

De spilers en meiwurkers ha der in soad nocht oan, JO EK ??

 

 

Toanielferiening De Sminkdoaze

22 december 2015

De toanielferiening De Sminkdoaze is wer drok oan it repetearjen foar in blijspul. Skreaun troch: Edward Bastiaansen.  IT LIT DE PASTOAR KÂLD It is in kolderachtig stik oer in parochie yn financiële muoilijkheden. Om de holle boppe wetter te hâlden wurde der ferskate middelen brûkt om oan jild te kommen. Dit jouwt hilaryske bylden hwerby […]

Lees het volledige artikel →

De Sminkdoaze

9 maart 2014

Berjocht en útnoeging fan ‘e toanielferiening De Sminkdoaze. Wy binne wer drok oan it repetearjen foar it nije jûnfoljende stik: CHEZ DOLLY ENCORE. It is in tragikomeedzje, dy ‘t deiske libben yn in nachtklup sjen lit.Om’t de klup yn swier waar rekket, komme der in hiel soad emosjes foar it ljocht, sa as: fertriet, blidens, […]

Lees het volledige artikel →

De Sminkdoaze

31 januari 2013

Yn jannewaris is it wer safier, dat de tonielspilers fan ´e Sminkdoaze wer foar it fuotljocht komme. Wij repetearje 2 jounen yn ´e wike foar dit blijspul , dat ut twa bidriuwen bestiet. It stik giet oer in begoedigde femylje en in stel kreakers, dy´t harren ûnderkommen hawwe yn in gebou, wer ’t dizze femylje […]

Lees het volledige artikel →

Toneelspelen is gewoon leuk…

6 juni 2012

Toneelvereniging de Sminkdoaze speelt ieder jaar een komisch toneelstuk in ons dorp Heeg en Gaastmeer. Een enthousiaste ploeg mensen die toneelspelen als hobby hebben. Het woord zegt het al: spelen. Spelen met een verhaal, teksten, decor, typetjes, leuke rollen, improvisaties, verrassende scenes, etc.

Lees het volledige artikel →