De Sminkdoaze

7 december 2010

in Evenementen

De Sminkdoaze spilet yn 2011 op 15 jannewaris jûns 8 oere yn It Heechhûs de komeedzje fan Haye van der Heyden:

“Brutsen iis”

It stik spilet him ôf oan board fan in lúks cruiseskip mei benammen âldere passazjiers, dy’t alline reizgje. Elk hat sa syn of har reden om oan board te wezen fan dit noflike driuwende âldereinhûs. Der wurdt dronken, dûnse, lake en songen, mar efter dizze maskerade skûlet ek de pine fan it net altyd noflik ferrinnen fan it âlder wurden. Mar as it iis ienris brutsen is kipet sels de romantyk om’e hoeke. It is in komeedzje mei in protte humor, mar ek mei foarfallen , dy’t jin oangripe.