’Three Vagabonds in Friesland’ (1906) en yn Heech

2 maart 2011

in Heech yn't ferline

In attinte doarpsgenoat ¹) liet my de ôfrûne simmer in uterst seldsum boek sjen dat goed hûndert jier ferlyn yn Ingelân skreaun is. It is in reisferslach fan trije rike, elitêre hearen út Ingelân dy’t yn 1906 mei in boat troch it, yn harren eagen, noch frij primitive Fryslân swalken. Yn Starum hierden hja fan in sekere Heinsius de boeier Marie mei in assistint en in skipper. Al wurdt yn it boek syn namme net neamd, ik bin der wis fan dat dy lêste Reinder de Vreeze ²) is, âldskipper fan de yn 1905 sloopte ielaak de ’Vriesland’. Syn kennis fan de Ingelske taal makke him foar dit kerwei tige geskikt. De skriuwer fan it boek seit oer him: de skipper praat floeiend, mar wol primityf Nederlâns-Ingelsk. De skipper koe meislepend fertelle oer de dingen dy’t wy ûnderweis seagen en dy’t er sels eartiids meimakke hie. Bygelyks oer de seereizen mei ielaken tusken Starum en Londen.

Yn Ingelân is yn 1907 in boek útjûn dat foar ús bysûnder nijsgjirrich is. It is in ferslach fan in boatreis dy’t Herbert Frederick Tomalin en twa maten yn 1906 hjir makke hawwe. De folsleine titel is ’Three vagabonds in Friesland with a yacht & a camera’ ³). Ien fan it selskip is fotograaf Arthur Marshall. Yn it boek steane in lytse hûndert kykjes dy’t hy yn Fryslân makke hat, wêrfan twa yn Heech 4). Stik foar stik binne se it besjen wurdich. Wy sjogge op de foto’s gauris moaie âlde houten skûten en boatsjes dy’t ús swalkers (’fagabonds’) op it wetter tsjinkomme.
Tige yndruk op harren meitsje de mei turf ôfladen skûtsjes, de ferskillende tipen houten brêgen en de rigen molkbussen oan ’e de wetterkant. O sa bysûnder fine hja al dy stalten by de fearten dêr’t de froulju moandeis de wask op dogge, mar ek de bolkoerrinsters mei de floddermûtse op ’e holle ûntgiet harren net.
De foto’s en de tekst tekenje in pracht byld fan Fryslân goed hûndert jier ferlyn, benammen op en oan it wetter; dit yn in tiid dat hjir suver noch gjin (wetter)toeristen kamen en dat foto’s noch seldsum wiene.

Taskôgers op De Syl

Yn it boek wurde noch al wat plaknammen neamd dêr’t hja west hawwe: Starum, Drylts, Snits, Terherne, Jirnsum, Grou, Ljouwert, Wergea en noch folle mear. Mar ….. de ’fagebonden’ wiene ek yn Heech. Se fûnen dat de bern der hjir mar bleek en meager útseagen (hiel oars as yn Volendam, seit de skriuwer der by) en by ’t fotografearjen wiene se tige optwingerich. As de fotograaf in foto meitsje woe, stiene hja allegearre deun om him hinne, sadat it wurkjen him sawat ûnmooglik makke waard. Dêroer wie de man ’not amused’. Hy betocht trúkjes om se even kwyt te reitsjen. It docht yn it boek dúdlik bliken dat de hearen net allinne in hekel hiene oan sa folle bern mar ek oan aaien: dêr krigen hja nei harren sin fierste folle fan om’t fleis, neffens de skriuwer, net oeral te krijen wie of om’t it harren min smakke.

It trijetal hat ek in kuierke makke troch Heech; hja diene sels in slachje om ’e (Hagha)tsjerke hinne. Se fine Heech net botte nijsgjirrich (it is harren te modern!) mar de lytse húskes efter it tsjerkhôf wiene dêrop in positive útsûndering, lykas de oanwêzichheid fan in moaie rige leilindes. De brede sleat mei moai wytskildere houten brechjes oan De Skatting krige ek in komplemint. Dit die my tinken oan Japan (!), merkt Tomalin op.
Tige bysûnder fûn ik de notysje dat de trije tsjerken yn Heech en ek dy yn oare plakken de flage op ’e toer hiene, want seit er, dy dei waard lyk as elts jier de slach by Waterloo (1815) betocht.
Konklusy: it moat dus 18 juny (1906) west hawwe dat de Vagabonds hjir wiene.

Nei Heech komt it selskip yn Drylts. Dêr is Tomalin hiel wat loovjender oer. Hy fynt dit suver in boartersguoddoarp, miskien wol it skildereftichste fan hiel Fryslân. De haadstrjitte is in brede feart, seit er, mei oan wjerskanten opsnoeide linebeammen. Dêrnjonken leit in stiennen paad dêr’t in hiele lange rige lytse huzen oan stiet. Tusken de beammen en it wetter lizze withoefolle moaie túntsjes. It sjocht der allegearre o sa kreas út, sels de hûne- en de hinnehokken sitte moai yn ’e ferve.
Op ’e stalten by’t wetter lizze froulju op knibbels om molkbussen, potten en pannen skjin te bjinnen. Tomalin ferwûndert him der oer dat de froulju, dy’t yn Fryslân blykber altyd oan ’t waskjen binne, yn sok smoarch faak tige stjonkend wetter – benammen yn Snits en Ljouwert! – harren spullen sa skjin krije kinne.

De pleats fan Age Douwes Cnossen – foarhinne buorke hjir de tige bekende Heegemer famylje Bergsma – oan ’e Koaldyk, foar de totale nijbou fan ’e foarein yn 1925.

Alle doarpen hawwe in eigen sfear, mient de skriuwer. De oarsaak soe wêze kinne dat it karakter fan de befolking simpel en primityf is. De minsken wurkje op it lân of op it wetter yn in tige beheind gebiet. Dêrbûten komme se selden, is hy fan betinken.
De reizgers – se neame inoar the Printer, the Architect en the Scribe – fernuverje harren oer fan alles en noch wat. Se sjogge bygelyks rûnom fan dy nuvere kuorren op stokken yn ’t wetter stean. De Printer (Adams), dy’t biologysk it minst ûnderlein is, neffens Tomalin, hâldt it op ljippenêsten. De Architect (fotograaf) seit it wier net te witten. De Scribe (skriuwer) gokt op bijekuorren. Wat neifreegjen hjir en dêr leveret it antwurd op: it binne skûlplakken foar de einen yn ’e winter …!?!

Tomalin is min te sprekken oer it brûken fan hûnen by it lûken fan karren fan bakkers, grientelju en oaren. Syn ergernis is it allergrutst as de baas, in grouwe keardel, dan ek noch op de swier beladen karre sitten giet dy’t troch de hûnen lutsen wurde moat.

Op in jûn rekket De Skipper op ’e tekst oer de Fryske winters. Hy fertelt dat rivieren (!) en marren dan beferzen reitsje. De skipperij en it lânwurk komt yn sokke tiden hielendal stil te lizzen. Oare aktiviteiten krije it no foar ’t sizzen, want de minsken bine de redens ûnder en ride oeral hinne: gewoan foar harren plezier of foar saken of foar de jierlikse besites oan famylje en freonen.
Op hast alle plakken binne der hurdriderijen en oare sportive aktiviteiten op it iis en dat jout âld en jong in protte fertier. It liket wol oft alle minsken ynienen klear wekker wurden binne út in lange wintersliep.
Soks soene wy ek ris meimeitsje moatte, seit de skriuwer. Wat fantastysk soe dat wêze.

Op 275 siden wurdt ús hiel wat ferteld en sjen litten fan ús gea eartiids. In fertaalde werútjefte fan dit collectors item, soe it hjoed de dei fêst hiel goed dwaan yn Fryslân.

Heech, jannewaris 2011
Willem O. Santema

¹) Mei tank oan de hear K.W.Sterk, âld-toskedokter, Villa Romsicht, dy’t dit boek yndertiid op in feiling kocht.
²) Oer Reinder de Vreeze publisearre ik:
a. yn De Sylboade fan maart, april en maaie 2005 it stik ’Van onze paling uit Friesland, ensfh.’ en
b. yn: Caroline Jonkhart, Korneliske Ykes II, van bestek tot varen (Grou 2009). Yn dit boek beskriuw ik op side 18 (út oerlevering!) dat R. de Vreeze op ’e Noardsee oer board slacht (yn febrewaris!) en rêden wurdt.
Yn it hjir besprutsen boek 3) skriuwt Tomalin, op side 214, ek oer Reinder de Vreeze syn wûnderbaarlike rêding.

³) H.F. Tomalin, Three vagabonds in Friesland with a yacht & a camera (Londen 1907). Ynbûn, 22 sm., 275 siden mei 98 foto’s (glêsnegativen!) fan Arthur Marshall.