Kampanje foar nije foarlezers

2 maart 2011

in Overig nieuws

De Stichting It Fryske Berneboek en Bibliotheekservice Fryslân sette útein mei in nij inisjatyf. Yn maart begjinne twa ferskillende kursussen foar minsken dy’t graach foarlêze wolle. Soks is tankber wurk, want alle bern fine foarlêzen prachtich. Boppedat is foarlêzen tige wichtich foar de ûntwikkeling fan taal en fantasij fan jonge bern. It projekt wurdt stipe troch Stichting Lezen.

Om’t de fraach nei Frysktalige foarlêsprograms grutter wurdt is der ferlet fan mear foarlêzers, dy’t dat frijwilligerswurk ek graach goed dwaan wolle. Sadwaande ûntstie it idee om fergees in koarte kursus oan te bieden. Dat jout betûfte foarlêzers boppedat de mooglikheid harren ûnderfining -mei tal fan praktyske tips- oer te dragen op in nije generaasje foarlêzers.

De foarlêskursus Nije Fryske Foarlêzers kin folge wurde troch âlders, pakes, beppes, learkrêften, liedsters, pabû-studinten, bibleteekmeiwurkers ensfh. Minsken dy’t har as frijwilliger in pear kear yn it jier beskikber stelle om foar te lêzen kinne fergees oan de kursus dielnimme. In oprop om yn aksje te kommen giet fansels altyd yn oerlis en der is boppedat in fergoeding beskikber.

De kursus bestiet út twa byienkomsten. Der kin keazen wurde út foarlêzen foar 2 oant 6 jierrigen en foar 6 oant 12 jierrigen. Kursisten ha de gelegenheid om de byienkomsten op middei of op jûn te folgjen. De kursussen begjinne 8 maart en wurde holden yn de bibleteken fan De Gordyk, Wommels, Snits en Burgum. Mear ynformaasje oer it program en de datums stiet yn it folderke, dat yn alle bibleteken leit. Fia www.itfryskeberneboek.nl kinne belangstellenden har oanmelde.