Bennie Huisman mei ‘It skouke fan pake…’

4 mei 2011

in It Heechhus

Bennie Huisman

Op freed 13 maaie o.s. is der yn It Heechhûs in literêr-muzikaal programma fan sjonger & skriuwer Bennie Huisman. Syn gasten binne dizze jûn: sjongster Frederike Kleefstra, en ferteller fan folks- & reisferhalen Douwe Kootstra.

Foarich jier kaam fan Bennie Huisman in roman út mei in autobiografysk karakter. Mei as titel: ‘Lytse histoarje fan langst’. In roman ek, dêr’t muzyk in wichtige rol yn spilet.

Dit jier wurket er oan in boek oer de Makkumer dichter & foardrager Wibren Altena, de skepper fan û.o. de ‘Ballade fan Longerhou’. Yn beide boeken reizget er immen nei. Yn de roman wie dat syn eardere ik, hy reizge om sa te sizzen yn de eigen fuotprinten. No siket er spoaren fan in man, dy’t yn de jierren nei de oarloch folle sealen luts mei syn aparte humor & foardracht. Mar hy hie ek in minder bekende kant. Hy wie ek dichter fan moaie, gefoelige fersen, ryk fan taal en muzikaliteit. Fersen dy’t fregen om dêr muzyk by te meitsjen.

Yn dit programma, dat as titel hat: ‘it skouke fan pake…’, komt alles by elkoar. Der wurde stikken lêzen út beide boeken en moaie lietsjes songen, dy’t dêrmei ferboun binne. Mar der binne ek ferhalen oer it nijsgjirrige proses fan (auto-)biografysk skriuwen, it reizgjen troch oantinkens en argiven. Ofwiksele mei optredens fan Frederike Kleefstra & Douwe Kootstra.

De jûn begjint om 20.00 oere en de yntree is 5 euro.
www.itheechhus.nl
0515-442593