Natuerlik Nijs

8 juni 2011

in Natuerlik Nijs


Op ekskurzje troch ‘De Lange Hoek’.
Mar leafst 24 minsken kamen op de soele blakstille jûn fan de njoggende maaie opdaagjen. It gebiet leit tusken De Gaastmar, De Burd en de Hegemer Mar en falt yn De Skriezekrite. Ekskurzjelieder en ien fan de foaroanmannen Sytse Terpstra hie it sa regele, dat kampearboer Domien Flapper ús mei de trekker en sleep mei striepakjes nei it gemaal op De Burd bringe soe. Allegearre noch wat ynskikke om fiif letkommers plak te jaan en Domien ried sûnder skokken fuort. In betûft sjauffeurke.

Sjongende ljurkjes. Nei dit optochtritsje moast fierders rûn wurde; gjin straf troch dit blom- en fûgelryk gebiet dêr’t de koperen jûnssinne tsjin de wolken skinend de saak in ekstra diminsje joech. De ljurkjes songen hjir heech yn de loft. Suver al seldsum: wát in moai lûd en wêr’t dat lûd foar stiet. Lâns it drokke Brekspaad hearst net ien, ek hast gjin skriezen trouwens. Mar hjir alarmearje de skriezen drok en binne de skriezelûden net fan de loft. In foarrjocht hjir te rinnen. De ekologyske ferbiningssône wurdt net ûnferdield posityf ûntfongen, men is benaud foar beamgroei. Dy kinne letter útkykposten foar predators wurde. Om dy reden is it lâns de mar just keal makke, eartiids wie dat ek sa. In stikje fierder stiet it hiele selskip ûnder de michjes mei niget nei hiele jonge ljippepykjes te sjen.

O ja. Predaasje heart der yn de natuer natuerlik ek by. In skries is fan it nêst skuord en alhiel opfretten troch in sparwer as in hauk en in strânljipaai is leechfretten troch in wezeling as in harmeling, sa tocht biologysaakkundige Haye Valkema. Mar der wiene ek minder betûften mei: “Wat vliegt daar?” “Een kievit”. “O ja”. Der briede hjir ek twa pear Frânske skriezen, sa ’t Haye sei, dat hienen se oan de kleurringen ôflêze kinnen.

Heech wetter. Yn de greppels en yn de sleat stiet it wetter heech, dochs soe Sytse it noch wol tsien sintimeter heger ha wolle. En oanpasse oan it waar: yn in wiete tiid wat leger en yn in droege tiid wat heger. De skuorren sitte sels hjir yn de grûn en dan is it dreech foar skriezen de snaffel yn de seadde te krijen. It SBB-lân stiet op plakken hielendal ûnder wetter. Hjir is de lânbou ûndergeskikt oan de fûgels, mar op it boerelân jilde ek oare belangen. Wylst in skries oan it wikeljen is seit Sytse: “Boeren krije fer-goeding, al is it gjin fetpot”. Mar it docht fertuten, wát in âlderwetske greidefûgelrykdom. Dit is pas reklame foar Fryslân. Dochs is it al wat minder as ferline jier en it is net hielendal dúdlik wat de oarsaak is. De droechte? Op in wiet stikje bûtendyks bûtlân tilt it op fan de foeragerende fûgels en der stiet sels in bankje by, dy sil fan Sytse wêze.

Nei njoggenen rûn it selskip ûnder yndruk keuveljend de read ûndergeande sinne boppe De Gaastmar temjitte. Yn de Herberch waard noch wat neipraten.

Hans A.