Alde foto’s en wa wit wa’t wa is?

19 april 2012

in Foto's, Wa wit wa't wa is?

Foto 257 (± 1914) – De Trije Húskes, Osingahuzen

  1. Anne Eelkes van Netten
  2. Eelke Annes van Netten
  3. Franke Eelkes van Netten
  4. Rinske Frankes van Netten – van Netten
  5. Rimmer Eelkes van Netten
  6. Anne Jeens Jager
  7. Froukje Annes Jager – van Netten
  8. Sipkje Jeens Jager
  9. ûnbekend
  10. Rimmer Jeens Jager

Fan alle hoekjes yn Heech hawwe wy hast wol in kykje, mar fan De Trije Húskes (DTH) seach ik der nea ien. It opdûken fan dizze foto by Durk Rimmers van Netten út Snits wie dêrom in grutte ferrassing! Mei Durk hie ik in lang petear oer de foto (huzen en minsken).

Hoe komme DTH hjir samar op ’e romte tusken Osingahuzen en De Hommerts? Wol, Durk syn oerpake Anne Jacobs van Netten (1837-1921) kocht op dit plak (op ’e Gravinnewei!) in smel, puntich stikje grûn. Fan in grut perseel greidelân wie dat strypke oerbleaun nei ‘t dêr tusken 1846 en 1848 de grintdyk fan De Hommerts nei Heech oanlein wie. Hjir boude Van Netten yn 1889 in hûs op (no it middelste fan ’e trije). Anne syn dochter Froukje (1872-1945) troude yn 1894 mei Annes kostgonger Jeen Jager út Drachten, dy’t by Lankhorst wurke. It stel boude om-ende-by harren trouwen in wenning oan ’e eastlike (Hommertser) kant fan Anne syn hûs.

De soan fan Anne, Eelke (1877-1951), troude yn 1909 mei Rinske Frankes van Netten út Heech. Eelke dy’t molkfarder wie by Lankhorst boude krekt foar syn trouwen oan ’e westlike (Osingahúster) kant de tredde wente. Eelke en Rinske binne de heit en mem fan û.o. Rimmer (1912-1980), dy’t troud wie mei Jaltje (Jol) Nijdam. Dy harren soan is Durk (1943) mei wa’t ik dit petear hie en fan wa’t ik de foto liende. [P.S. It eastlike hûs is letter ferkocht oan Johannes Cnossen en it westlike oan Wiebe Cnossen, de heit fan Arend dy’t yn Ynje (1949) sneuvele.]

Nije âlde groepsfoto’s (oant ± 1990 ta) graach útliene oan Willem O. Santema. Tel 442909.