Alde foto & wa wit wa’t wa is?

6 juni 2012

in Foto's, Wa wit wa't wa is?

Foto 259 (1975) – Bedriuwsfuotbalclub ’It Eilân’, Heech

De Sylboade, juny 2012

  1. Jehannes (E) de Jong
  2. Pier (P) Piersma
  3. Teake (J) Potma
  4. Jan (R) Hettinga
  5. Jan (J) Loopik
  6. Theo (J) Potma
  7. Jehannes (J) Osinga
  8. Jacob (G) Miedema
  9. Ernst (A) Hoomans
  10. Jan Stolp (jeugdherberch)
  11. Hylke (T) Visserman
  12. Gerke (G) Gerritsma

As de brêge oer it Hegemer Far der krekt leit (1970) is it ien en al aktiviteit op It Eilân: nije bedriuwen, in doarpshûs en rekreaasjewenten rize de grûn út. It nije en de jonkheid slane foar master op. It entûsjasme liedt sels ta de oprjochting fan fuotbalclub ’It Eilân’ dy’t meidwaan sil oan in bedriuws-kompetysje mei fjouwer tiims. In oare club is û.o. boubedriuw Wiersma út Drylts dat op dat stuit de Bohanwenningen oant bouwen is. Ek is dêr groep ’De Jong’: eltsenien dy’t yn Heech De Jong hjit, komt hjirfoar yn ’e beneaming.

Op ’e foto – dy’t wy te lien hawwe fan Pier P. Piersma en dêr’t Theo Potma it ferhaal by fertelde – like boppesteand 11-tal in stel betûfte spilers. Mar it die bliken dat dizze net-trainde amateurs (guon hawwe noch nea fuotballe) och sa blessure-gefoelich wiene. It naaide der út, dêrom moasten der by de wedstriid hjirnei fjouwer fan harren ferfongen wurde! Neffens eigen sizzen hawwe de Eilanners alle wedstriden wûn. (Wrâld)kampioen dus! Alhiel út ’e skroeven hat it 11-tal mei withoefolle ynfallers, supporters en yn oanwêzigens fan de tsjinstanders (!) de daverjende oerwinning fierd yn ’De Watersport’. It is dêr doe rûch om-en-ta gien, sei men.

Willem O. Santema