Foto 262 (1985/86) Kristlike Basisskoalle, Heech
1.Master B.Koopmans 10.Gert Kl.Postma
2.Tjeerd R.Hoekstra 11.Robyn P.Attema
3.Klaas J.Hoekstra 12.Janneke G.Osinga
4.Geeske R.Cnossen 13.Rimmer K.Sterk
5.Master A.Vlagsma 14.Jan D.Buwalda
6.Tékla G.v.d.Bijl 15.Wytske Sj.Sybrandy
7.Rinus W.v.d.Goot 16.Ingrid A.Talsma
8.Piet W.Schat 17.Sjoucke J.Hooghiem
9.Durk B.Koerten 18.Neeltsje U.Visserman
Op 1 augustus 1985 binne de Legere Skoalle (lagere school) en de Beukerskoalle (kleuterschool) offisjeel Basisskoalle wurden. Wy prate no net mear oer klassen mar oer groepen. Wat eartiids klasse 1 wie, is no groep 3. Underwizers en ûnderwizeressen wurde learaar en it haad fan ’e skoalle (m/f) direkteur. Der feroaret noch folle mear mar dat oanbelanget de ynhâldlike kant fan it ûnderwiis.
Op de foto, dy’t ynstjoerd is troch Jan Buwalda, stiet groep 6 mei de masters Vlagsma en Koopmans. By de lêstneamde sitte hja yn it lokaal mei riant útsicht op ’e Tsjerkesleat en de Van Ommen (ek wol Hofstee) polder dêr’t dan noch gjin rânedyk (Polderwei) leit.
Willem O. Santema