Alde foto’s- Wa wit wa’t wa is?

5 maart 2013

in Wa wit wa't wa is?

fan-alds- maart

Foto 263 (1982) – Reünykommisje R.K. skoalle, Heech

De Sylboade, maart 2013

1.Suze Huitema-Portiek 7.Lammert Gerritsma

2.Gerke Gerritsma 8.Rein Portiek

3.Bernardus Zijlstra 9.Tsjerk Zijlstra

4.Harmke Gerritsma 10.Marieke Gerritsma-

5.Tecla de Boer-Zijlstra van der Werf

6.Rika Koopmans-Zwaga 11.Sjoerd Tekstra

Op 18 septimber 1982 (it stiet met grutte letters yn myn agenda!) om in oere as trije gean ik as genoadigde mei Meinte Terpstra (foars.) nei de reüny fan de St. Jozefskoalle, dy’t hâlden wurdt yn in grutte tinte by ’t Heechhûs. De skoalle hat 60 jier bestien. Oprjochte dus yn 1922.

It wie de hiele wike alderkostlikst waarm en sinnich waar en dy sneon fan ’t selde.

It feest wie grut opsetten, der kamen 450 âld-learlingen en oare gasten op ta.

De skoalle gie om 10 oere iepen want dêr wie in tentoanstelling fan û.o. âlde skoallefoto’s. Om 2 oere wie der in eucharistyfiering yn ’e pas restaurearre R.K. tsjerke û.l.f. pastoar Adema, âld-learling en soan fan it eardere haad fan skoalle J. Adema (yn funksje: 1926-1943). Nei de eucharisty folge de offisjele betinking (feestrede en sprekkers) yn ’e tinte. Om 6 oere hinne wie der in hearlike mienskiplike kofjetafel. De organisaasje fan dizze dei lei yn ’e betûfte hannen fan ’e minsken hjirboppe op ’e foto, dy’t ik brûke mocht fan Kees de Jong.

Willem O. Santema (telefoannûmer is ynienen sa mar út ’e telefoangids weilitten !)