Goeiendei, minsken fan Heech!

7 juni 2013

in Verhalen

Sleat

Sleat

Ik sil my earst even oan jim foarstelle. Myn namme is Justus Westerman. Ik bin fyfentweintich jier en frijfeint. Myn berop is dat fan earste-assistint-kandidaat-notaris, earne yn Gaasterlân. It krekte steanplak docht er hjir net ta. Ik studearje yn Grins njonken myn wurk op in notariskantoar. Men kin it ek omdraaie: ik wurkje op it notariskantoar en studearje yn Grins. Ik bin dus in ridlik skerp persoan – alteast, dat fyn ik sels. Mar fan ‘e wike hie ik in ferrekt-minne dei.
Niks skerp, niks omtinken hawwe – krektoarsom. Harkje.

It is op tiisdeitemiddei, in oer of twa. Tillefoan giet op kantoar. Frouljusstim. Oft menear Westerman oanwêzich is. Jawis, die is der, dat bin ik sels. “Justus! Goeiemiddei, mei Kiki… Do kinst my dochs, fan ôfrûn wykein…” It is de heldere stim fan Kiki. Of ik har noch kin? No, wol seker! Bliksem noch oan ta – it is sneontejûn, in lyts restaurant yn Balk, moai plakje, moaie muzyk, moai selskip fan trije froulju en ien fan harren is Kiki. It wurdt in hiel moaie jûn! “Leave Justus!” freget hja dan, en har stim klinkt och sa leaf, “soest do wol mei my nei Heech wolle om myn boat dêr wei te heljen? Hy leit by Ottenhome yn ‘e haven. Ik doar einliks net allinne mei de boat fan Heech nei Balk te farren. Kinst do dizze middei wol efkes mei?” Die frage ferrifelet mei.

“Kiki, dizze middei, dat is no, op dit momint…”, sis ik. “Tuurlik, moast net te lang oer neitinke”, seit hja. “It is no geskikt waar, sis it mar…” It flitst even troch myn holle hinne. Ik sit hjir allinne op kantoar, earste-assistint-kandidaat-notaris, kin ik samar mist wurde? Dit reiske kostet gau in pear oeren, op syn minst. Dêr giet de middei mei hinne. Mar wol in útsocht momint om wat neier mei dit frommiske kennis te meitsjen. Sneontejûn wie al in moaie oanset. Dêr moat in ferfolch op komme. Op itselde momint beslút ik: hannelje, trochsette no, dan fan ’e middei mar in leech kantoor.

“Kiki”, sis ik yn’e tillefoan, “wy meitsje der in rommeltsje fan. Ik doch it kantoar op slot, hingje de kaai oan ‘e spiker en ik kom no nei dy ta. Sis my wêr as’t biste…” Kiki is yn it fekânsjehûs fan har âldelju, rjochts fan ‘e Luts as men út Balk komt, oan ‘e kant fan ‘e Sleatemar. “Wit Justus wêr as dat is?” Justus wit dat krekt, hie earjuster – dat wie de deis direkt nei de sneontejûns – al even temûk sjoen hoe dat spultsje fan har heit-en-dy der by lei. Moaie geryflike bungalow, útsjoch op it wetter, haventsje by de doar. Gjin kertier letter ryd ik myn auto suver tsjin ‘e hikke oan. Kiki hat net oars ferwachte, stiet klear en docht de doar fan ‘e auto iepen noch foardat ik der útspringe kin om dat sels te dwaan. “Moast dy net omklaaie?” freget hja,”of wolst mei de strik om it wetter op?” Ik ha der net by neitocht. “Ynstappe!” sis ik, “op nei Heech!”

Wy ride foarby Harich, oer it lange stik dyk, om Wâldsein hinne, troch Hommerts en Osingahuzen nei Ottenhome yn Heech. Underwilens hoef ik neat te dwaan om it praat geande te hâlden. Kiki rattelt oan ien stik wei troch oer har freondinnen en har stúdzje en har famylje en oer muzyk en wat hja allegearre wol en net lêst. By Ottenhome leit de boat klear. It is in Valk. Ik sykje nei de seilen. “Dy binne der net”, seit Kiki, “dy binne yn Balk. Wy geane op it motorke.” Dat is in tebekset. Kin ik net sjen litte wat ik allegear mei in sylboat kin. Spitich mar it is net oars. De motor slacht direkt oan en wy tuffe tegearre it haventsje út. Der stiet in steviche wyn fan ‘e kant fan de Lemmer. De golfen slaan omraak tsjin it boatsje. Kiki giet nêst my sitten. “Mei dochs wol, no?” Hja krûpt suver styf tsjin my oan.

It boatsje fart troch de Rakken en draait by de brêge yn Wâldsein om ‘e hoeke. Brêge ticht, ljocht op read. Dan mar even tsjin ‘e wâl, foar it tsjerkje. Kiki krûpt oerein, pakt in line en sil fan board stappe. Op de ien of oare wize mislearret dat, hja glydt út, falt tusken it skip en de wâl yn ’t wetter en ferdwynt, kopke ûnder. Ik wit net hoe gau of ’t ik nei foaren sjit. Ik sjoch brobbeltsjes yn it wetter, doch in taast en ferdomd – it is raak! Ik wit net krekt mear wêr as ik har fêstpak mar ik haw har te pakken. Snuvend en rocheljend komt hja boppe wetter. Ik help har oan board en der sit hja, kletstrochwiet. De klean plakke har om it lichem. It gûlen stiet har neier dan it leitsjen.

En wat gebeurt er dan? Ut it tsjerkje komt in âlde mefrou en rint nei Kiki ta. “Famke famke”, seit hja, “sa kinst net fierder. Kom mar even mei my mei yn ‘e hûs, dan moast in waarme dûs nimme. Kinst wol siik wurde. Kom mar gau mei…” Tegearre strompelje se nei binnen. Kiki sjocht net nei my om. Ik wit net sa goed wat ik dwaan moat. Ik stap op ‘e steiger en hâld de boat oan ‘e line. Op it terras fan it hotel fierderop steane in pear nijsgjirriche minsken myn kant út te sjen. Ik sjoch de oare kant út. Nei in kertierke komt Kiki út ‘e tsjerke, it hier om ‘e holle plakt en mei klean oan fan ‘e mefrou. Die binne har wol fiersten te grut mar dêr wol hja net oer seure. “Hartstikkene bliid dat it sa ôfrûn is. Ja toch…”

Hja hat in plastic pûde by har. “Dêr sitte myn wiete klean yn”, seit se en smyt de sek yn ‘e boat. “Wolst do op ‘e weromreis dizze klean dy ’t ik no oan ha wol even by de âlde mefrou bringe? Jawol hè Justus, do bist in skat…!” En wylst se dat seit krûpt se my wêr even oan. As wy oer de Sleatemar nei Balk ta opstome fertelt Kiki my dat har pake dominy wie en ea wol yn it grifformearde tsjerkje yn Wâldsein preke hat. En dêr hat Kiki no ûnder de dûs stien. Hja moat der hurd om laitsje.

Yn Balk farre wy rjochtstreeks nei it haventsje en nei de bungalow. Ik freegje my ôf hoe dit avontoer fierder rinne sil. “Bringst my werom nei Heech, nei Ottenhome?” freegje ik, want dêr stiet myn auto. Kiki sjocht my oan en begjint te laitsjen. “Leave Justus”, seit se, “ik kin net autoryde, ik ha net iens in rydbewys. Dêr silst echt wat oars op betinke moatte!” Ik wit even net wat ik dêrop sizze moat en op itselde momint falt Kiki my om ‘e nekke. “Wat bist dochs in leave ûnnoazele jonge!” seit se. “Dat is doch net sa moeilijk. Twa dingen: of mei de bus nei Heech of oant freed ta wachtsje. Freed komt myn freon en dy wol dy mei alle wille nei Heech bringe…”

Bêste lêzers yn Heech, ik lit it oan jimme oer te betinken hoe of ik nei Ottenhome reizge bin en hoe ’t ik ôfskie naam fan Kiki, myn moaie slanke Kiki.

Ik tocht altyd dat ik as earste-assistint-kandidaat-notaris en as oankommend jurist in ridlik skerp persoan wie, mar dizze tiisdei wie in ferrekt-minne dei.

En dat wie it!

Symon van der Meer
’t Eilân 17