Eilanpost

17 december 2013

in Verhalen

 

Jachthaven Oost

Jachthaven Oost

Julius is de pakesizzer fan Symon van der Meer. Einliks is Julius ek in bytsje in Eilânbewenner. Hy hat jierenlang yn ‘e simmer by syn pake en beppe op it Eilân yn Heech útfanhuze. Dêr hie hy it (op ien nei) lytste keamerke ta syn foldwaan, mei útsicht op ‘e jachthaven fan Johan Oost en op ‘e Valkenfloat fan Speerstra. Yn ‘e fierte koe er de sylboatsjes op ‘e Heechemermar farren sjen. Sels skarrele hy oerdeis wat rûn mei oare bêrn yn en om de haven, faaks mei syn boatsje.

Mar it is yntiid foargoed ôfrûn mei dat moaie libbentsje. Julius studearet yn Delft, geologie. Hy sit no al langer as in healjier yn it hege noarden fan Kanada. Dêr siket er yn ‘e hurde rotsiche grûn nei spoaren fan oalje en gas, by wize fan praktyk. Berik fan ‘e tillefoan hat er dêr net. It kontakt ferrint no skriftlik. In pear keer yn ‘t jier stjoere se inoar in brief. Hjirûnder stiet in stikje út ‘e brief foar de kommende jierwiksel.

Goendei Julius
…Nee, der binne wy net sa bliid mei, bewenners fan It Eilân.
Do kinst dy, tink ik, noch wol te binnen bringe dat de gemeente fan Wymbrits destiids mei plannen kaam om Heech te modernisearjen. It hert fan Heech moast in flinke impuls krije. Yn dat plan moast ûnder mear de jachthaven fan Foekema omtovere wurde ta in fleurich bewennerswykje. Moaie wenningen, oan it wetter, en foar eltse wenning in plakje foar in boat. Prachtig plan. Mar it soe wol betsjutte dat de jachthaven ferdwine soe, mei alle plakken foar de boaten en boatsjes fan ‘e Eilânbewenners. De wethâlder hie al kontakt mei in pear grutte planûntwikkelers. Om de ien of d’oare reden is dat plan nea fan ‘e grûn kaam en de boaten koene moai op harren plakje lizzen bliuwe.

Mar no hat de nije gemeente Súdwestfryslân syn tosken der opnij yn setten. De gemeente hat no it plan om de jachthaven sels oan te keapjen. Alle bebouwing – de huzen en de loadsen om de haven hinne – wurdt sloopt en de funksje fan ‘e jachthaven komt te ferfallen. Dan komme der dochs wenningen en dy sille mei harren WOZ-waarde foar de gemeente grif wat meer opbringe as de jachthaven fan Foekema.

Hat de gemeente no dan safolle jild? Nee, mar Europa en de provinsje ha noch wat sinten oer en dy meie hjir foar brûkt wurde. Der is ien betingst: úterlik 19 desimber fan dit jier moate de gemeente en Johan Oost oerienstimming berikke oer de keap. As dat net slagget giet it plan net troch en sil de gemeente it yn-der- ivichheit net wer besykje.

Spannend!

De gemeente hat ûnderwilens al wol oan de bewenners fan It Eilân frege om alfêst troch te jaan oft hja belangstelling ha foar it keapjen fan in lisplak. Dat plak soe yn ‘e plannen fan ‘e gemeente dan te lizzen komme yn in nij kanaaltsje tusken de jachthaven fan hjoed en de westlike Eilân-apparteminten. Dat wurde dan plakken foar bygelyks polyvalken. De measte boaten dy ’t no yn ‘e jachthaven lizze binne wat grutter. Dat kin in probleem wurde.

Bêste Julius, asto dizze brief ûnder eagen krigest sil dúdlik wêze of ’t de jachthaven bliuwt of net bliuwt.
Fan ús mei er bliuwe, mei of nei Johan Oost.
In Eilân sûnder jachthaven… sa’n plak yn Heech kin men einliks net misse!

Wa wit kinne wy takom jier ûndersiik dwaan nei oalje of gas yn ‘e grûn. En miskien is der dan ek wol in dykje dat wy trochstekke moatte…

Groetnis, goeie jierwiksel en it alderbêste!
Symon van der Meer